Melissa Pander sjongt foar Fryslân op it Regio Songfestival: "Ik ha der fertrouwen yn"

Melissa Pander © Eigen foto

De outfits binne útsocht en der is drok oefene de lêste tiid: Melissa Pander is der klear foar om Fryslân te fertsjintwurdigjen op it alderearste Regio Songfestival. "Ik ha der fertrouwen yn dat it goedkomt."

De 22-jierrige sjongeres út Aldemardum mei sneontejûn fuortendaliks yn aksje komme. Yn de stedsskouboarch fan Utrecht iepenet se it mienskiplike muzykevenemint fan de trettjin regionale omroppen fan Nederlân.

Melissa Pander docht repetysje foar de finale

Dat docht Pander mei har Frysktalige nûmer 'Foarby', in leafdesferske oer it momint wêrop't se har freon moete. "It giet oer it gefoel datst wolst dat dat momint noait mear foarby giet." Mei dat nûmer wûn se yn oktober it Fryske songfestival Liet en sa fertsjinne se har startbewiis foar it Regio Songfestival.

Melissa Pander mei 'Foarby':

Melissa Pander komt út in muzikale famylje. "Myn heit en mem meitsje beiden muzyk en myn twa sussen ek." Se is har hiele libben al mei muzyk dwaande. "En sûnt trije jier skriuw ik myn eigen nûmers."

Yn Utrecht nimt Pander it op tsjin tolve oare acts út alle oare provinsjes (twa út Súd-Hollân). Ferline wike hat se alle kandidaten foar it earst moete. Konkurrinsje fielt se lykwols net. "We gunne it mekoar."

Uptempo

Se tinkt dat it foaral in gesellige en moaie dei wurdt. "Oer de útslach kin ik noch net safolle sizze, want alle ynstjoeringen binne fan in goed nivo."

Pander fynt it dreech yn te skatten oft se winne sil. "It hinget mar krekt fan de smaak fan de sjuery en it publyk ôf. Mar ik tink dat we wol kâns meitsje, want der binne bêst wol in soad rêstige nûmers en dat fan my is hast it iennige uptempo nûmer."

Dit binne de konkurrinten fan Melissa Pander op it Regio Songfestival

De measte kandidaten sjonge yn it Nederlânsk. "En ik sjong yn myn eigen taal", seit Pander. Dat har nûmer yn it Frysk is, kin neffens har ek in foardiel wêze. "Dat fine de minsken wol leuk, tink ik. Ik sjoch dat net as in barriêre."

It optreden sil wol oars wêze as by Liet, want har band is der net by. Pander stiet allinnich mei har gitarist en eftergrûnsjongeressen op de planken. "It is leuker mei de hiele band, mar ik ha der fertrouwen yn dat it goedkomt en dat wy it sa ek kinne."

Stipe fan freonen en famylje

Oan de supporters sil it net lizze, der giet in bus fol mei freonen en famylje mei om Melissa oan te moedigjen. En nerveus is se ek net. "Nee, ik fyn it foaral leuk. Senuweftich wie ik de ôfrûne tiid mear foar ynterviews, mar ik ha der no safolle hân, dat begjint ek al te wennen. Foar it optreden bin ik net mear senuweftich."

It Regio Songfestival set sneon om 20.30 oere útein yn de Stadsschouwburg yn Utrecht. De presintaasje is yn hannen fan âld-songfestivaldielnimmer Stefania Liberakakis en Riks Ozinga en Bernadette Keizer fan RTV Utrecht.

It is allegear streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online. De útstjoering begjint om 20.00 oere mei in foarbeskôging. Om 20.30 oere wurdt der skeakele nei Utrecht.