Degradaasje foar 'toppartoer' Van der Bos: "Dit is hiel útsûnderlik"
It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra keatst net langer yn de haadklasse.
De mannen hellen yn Sint-Jabik te min punten om degradaasje nei de earste klasse te ûntrinnen. En dat wylst Taeke Triemstra op ien stiet yn it ivich klassemint.
"Triemstra keatst al 24 jier op it heechste nivo", seit ferslachjouwer Geert van Tuinen, dy't it keatsen al jierrenlang folget. "En hy keatst al 14 jier mei Van der Bos.
"Is hiel útsûnderlik dat keatsers fan sa'n statuer bûten de haadklasse falle. Oant ferline jier wie dit in toppartoer."
No is it partoer út foarm. Se winne net mear. "Foar in part komt dat troch in blessuere fan Van der Bos", seit Van Tuinen.
"Hy hat in operaasje hân, en syn plak yn it perk waard doe ynnaam troch de trainer, Daniël Iseger, mar dy wie net yn topfoarm."
Taeke Triemstra sels hie dit net ferwachte. "Wy hearre by de bêste trije partoeren. Mar de ranking is de ranking, dus as it sa is dan is it sa. We ha gewoan te min wûn."
It is noch mar de fraach wat we kommend jier dogge.
It siet ek yn de lotting net mei, seit Triemstra. "Wy troffen twa kear it partoer fan Marten Bergsma. En twa kear Steven Koster. Dy keatse hiel goed tsjin ús, dat we dat ferlearen is gjin skande."
Kommend wykein stiet Triemstra mei syn partoer yn de earste klasse. Dêr binne gjin punten te heljen foar it ivich klassemint. Triemstra stiet dêr al op ien, mar wol graach troch de magyske grins fan 900 punten brekke.
"Dy 900 komt der wol dit seizoen, dêr lis ik net wekker fan", seit er. "Mar 1000 ha ik wol út de holle set."
Dit seizoen soe samar syn lêste wêze kinne, seit Triemstra. "It is noch mar de fraach wat we kommend jier dogge, en dat hinget der ek fanôf wat Gert-Anne wol."
De degradaasje nei de earste klasse hat foar de PC gjin gefolgen, seit ferslachjouwer Van Tuinen. De PC is de belangrykste keatswedstriid fan it jier.
"Dy is faker wûn toch partoeren út de earste klasse. Daniël Iseger die it bygelyks, of Cornelis Terpstra. Let mar op", seit Van Tuinen. "Se komme werom."