Kabaretier Erik van Muiswinkel fassinearre troch de PC: "Veel aan het kaatsen te danken"

Erik van Muiswinkel op de PC yn 2017 © Omrop Fryslân
Noch in pear dagen en dan rint It Sjûkelân yn Frjentsjer wer fol mei tûzenen entûsjaste keatsfans. Dat binne net allinnich Friezen: akteur, kabaretier en skriuwer Erik van Muiswinkel is der dit jier bygelyks foar de fjirde kear by.
Van Muiswinkel waard berne yn Eemnes en grutbrocht yn Haarlem. In keatsbal, telegraaf of want hie er noch net earder fan tichteby besjoen. Dat feroare nei in optreden yn 2017 yn teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer.

Twa geiten en twa tuorren

De kabaretier rûn middeis foar syn foarstelling troch de stêd en rûn dêr tsjin It Sjûkelân oan. "Daar had ik natuurlijk wel eens over gehoord. Ik kende ook wel mensen die daar eens geweest waren en die vertelden daar geweldige verhalen over. Ik had in mijn achterhoofd eigenlijk altijd dat ik dat wel eens wilde meemaken", seit Van Muiswinkel.
"Maar toen stond ik dus voor dat veldje en dat was zo ontzettend klein, er stonden zelfs twee geiten op. Het was echt helemaal niks. Alleen die twee torens die ervoor stonden waren wel imponerend", seit er.
Hy ferwurke de spreuk "Hjir rekket de bal it hert" yn syn foarstelling fan dy jûn. In âld-bestjoerslid fan de PC fûn dat sa moai, dat er úteinlik in útnûging krige foar de PC fan letter dat jier.
We waren helemaal overweldigd.
Erik van Muiswinkel oer syn earste PC-besite mei syn frou
Van Muiswinkel en syn frou gienen graach yn op dy útnûging en wienen derby yn 2017. "We waren helemaal overweldigd", wit er noch. "We hadden het geluk dat we ook nog eens schitterend weer hadden, met een hele spannende finale. Het ging om de aller-allerlaatste bal. De allerlaatste opslag. Het was fabuleus. De spanning die daar hing. Die deed mij heel erg denken aan de laatste minuten van een cricketwedstrijd. Dat is mijn sport", fertelt de akteur.
Gewoanwei is it foar minsken dy't foar it earst by in keatspartij komme in hiele opjefte om oan de ein fan de dei de regels in bytsje te kennen. Van Muiswinkel en syn frou foelen lykwols mei harren noas yn de bûter. Se sieten neist ynternasjonaal grinsrjochter Erwin Zeinstra.
"Daar was Erwin heel goed in. Dat is een heel methodische man. Dus die heeft ons ook nog helemaal door die dag gesleept", seit Van Muiswinkel.
In tafallige moeting brocht Van Muiswinkel úteinlik dus nei de PC, mar it hie net folle skeeld of hy hie yn syn jeugd miskien al lid west fan in keatsferiening. "Als mijn leven iets anders was gelopen, dan was ik op mijn twaalfde naar Heerenveen verhuisd", wit er noch.
"Dan was het hele cricketen gestopt voor mij. Daar was ik toen echt dag en nacht mee bezig, toen ik twaalf was. Maar ik weet bijna zeker dat ik dan razendsnel over was gegaan op kaatsen, want het was helemaal een spel voor mij geweest."

Gjin topspiler

Is der dan op it nipperke in grut talint ferlern gien foar de keatssport? "Een middelmatig talent. Omdat ik zoveel gevoetbald, getafeltennist en gecricket heb in mijn jeugd, tot mijn 40e zo'n beetje, weet ik vrij nauwkeurig wat ik wel kan en wat niet."
"Ik weet zeker dat ik geen topspeler was geworden. Ik had misschien aan de PC mee kunnen doen, dat is al heel wat natuurlijk. Misschien had ik dat ooit een keer gehaald", seit Van Muiswinkel.
Erik van Muiswinkel op de planken yn 2018 © ANP Foto
It keatsen nimt Van Muiswinkel de lêste jierren wol altyd mei him mei. Yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert krige er ea in keatsbaltsje fan doetiidsk direkteur Arthur Oostvogel.
"Ik knijp altijd eventjes voordat ik opga, ook in het theater, in dat kaatsballetje. En ik gooi hem een paar keer tegen de muur", seit Van Muiswinkel.
"Of ik ga met mijn pianist op drie meter afstand staan en dan gooien we het heen en weer. Daar word je heel erg wakker van, want dan moet je dus even heel goed kijken en heel goed flitsend reageren. Dat is net genoeg adrenaline dan om daarna lekker op te kunnen. Dus ik heb inmiddels veel aan het kaatsen te danken, ja", laket er.

Net geskikt

It begjint sa no en dan ek wol te kribeljen om ris in opslach à la Gert-Anne van der Bost te besykjen, mar: "Ik ben fysiek tot de overtuiging gekomen dat ik dat soort dingen helemaal nooit meer moet doen. Je kan of je rug, of je knie of je teen of je heup blesseren. Je verrekt gegarandeerd iets. Ik heb dat overal om mij heen gezien, en zelf jaren geleden al meegemaakt. Daar ben ik gewoon niet meer geschikt voor."
Mooie kerel is dat. Dat hij gewoon een complete oudejaarsconference houdt midden in de zomer.
Van Muiswinkel oer de PC-taspraak fan foarsitter Ids Hellinga
It bliuwt dus by it wêzen fan taskôger, en dat nimt Van Muiswinkel tige serieus. Hy is der woansdeitemoarn fan it begjin ôf by. "Die tocht op de wagen, de toespraak. Dat vond ik heel verrassend en een fantastisch iets", seit Van Muiswinkel. Benammen nei de taspraak fan foarsitter Ids Hellinga sjocht er út.
"Mooie kerel is dat. Dat hij gewoon een complete oudejaarsconference houdt midden in de zomer. Dat vind ik zo ontzettend grappig. Met ook geintjes erin. Daar hebben misschien wel meerdere mensen aan gewerkt. Dat is iets dat me is opgevallen. Dat vond ik heel knap", seit er.
By de partij sels hat er noch gjin favoryt, al fynt er 'die twee broers', wêrmei't er doelt op Taeke en Bauke Triemstra wol moai om nei te sjen. "Die hebben vrij herkenbare koppen. Dat vind ik ook leuk. Die zijn ook zeer fanatiek, maar niet vervelend."

In sekte

De kommende dagen brûkt Van Muiswinkel om him noch wat yn te lêzen, en om oan 'Hollanders' te fertellen wat dy PC no eins is. "Alsof je naar een soort geheime sekte gaat. Alsof je je leven waagt op een terrein waar niemand weet wat je te wachten staat. Ze kijken je heel raar aan."
Dochs soe it samar kinne dat we takom jier ek Viggo Waas en Peter Heerschop op de tribune sjogge by de PC. "Die zien het al wel helemaal voor zich", seit Van Muiswinkel.
Dit jier iepenet Omrop Fryslân foar de 21e kear de doarren fan it PC Kafee, live út De Bogt fen Guné yn Frjentsjer wurdt it útstjoerd. It programma stiet trije dagen yn it teken fan moaie keatsferhalen, gripende kollums en live muzyk.
PC Kafee is der op sneon 29 july en snein 30 july fan 11.00 oant 12.00 oere en op tiisdei 2 augustus fan 18.00 oant 19.00 oere. Erik van Muiswinkel fersoarget dit jier op de tiisdei in kollum. De presintaasje leit yn hannen fan Geert van Tuinen.