De Roger Federer fan it keatsen: "Wat Taeke Triemstra prestearret is unyk"

Taeke Triemstra © Dijks Fotografie
Taeke Triemstra (1982) mei him de bêste keatser fan alle tiden neame. Ofrûne simmer gie hy Piet Jetze Faber foarby yn it ivige keatsklassemint en sette himsels dêrmei op de allerheechste trêd fan dizze sportljedder.
Triemstra keatst al sûnt er in bal fêsthâlde kin. Hy wûn syn earste wedstriid doe't er fiif wie. En noch hat er syn nocht net: ek takom jier is de bêste keatser noch op de sportfjilden te sjen. "In unike prestaasje", seit keatshistoarikus Jan Braaksma.
Programmamakker Albert Jensma folge him dizze simmer by it berikken fan dizze status. Kloppet it dat it súkses fan 'de Roger Federer fan it keatsen' ek fuortkomme kin út beskiedenheid?
FryslânDOK 'De oanhâlder wint' is te sjen op 7 en 8 oktober by NPO2 en Omrop Fryslân.
Taeke Triemstra skriuwt keatshistoarje as er op snein 23 july op it fjild fan de Ljouwerter keatsklup LKC Sonnenborgh yn de twadde omloop de wedstriid tsjin it partoer Menno van Zwieten wint.
Op de tribune sit syn heit Reinder. Stil en noch wat wyt om 'e noas, as gefolch fan in swiere en gefaarlike hertoperaasje dy't er in pear dagen dêrfoar ûndergien hat.
It wie wikkerdewik, mar hy is der wer. En sjocht mei eigen eagen dat syn âldste soan Taeke, Piet Jetze Faber foarbygiet yn it ivige keatsklassemint. It is him gund. It publyk oan de kant en op de tribune lit it massaal witte troch te klappen.

Keatsfenomeen

Wylst it keatsen fan de oare partijen gewoan trochgiet, siket KNKB-foarsitter Coos Veltman yn de gauwichheid in mikrofoan en in geskikt plak om de suksesfolste keatser yn de histoarje fan it Fryske keatsen te huldigjen.
"Do bist in geweldich keatsfenomeen en in foarbyld foar de keatserij", klinkt skel út de grutte boksen om it fjild.
Famylje, freonen, âld-keatsers en trouwe leafhawwers fan de sport sjouwe blommen oan, jouwe tuten en tikje him op it skouder.
"Skitterjend jonge. Do hast him", flústeret mem Fré him yn it ear, wylst se him oankrûpt. Fotografen lizze it histoaryske momint fêst. Eefkes letter galmet Tina Turner har 'You're simply the best' oer it wiete fjild. It miggelet.

Unike prestaasje

"Dit is unyk, wat Taeke hjir prestearret", seit Jan Braaksma sittend yn syn swartlearen burostoel by him thús.
Braaksma is it histoaryske gewisse fan de keatserij yn Fryslân, de man dy't alle listen en útslaggen byhâldt en fan 1854 ôf op souder lizzen hat. In fleurich man mei sterke ferhalen, moaie anekdoaten en in skerpe blik.
Jan Braaksma © Omrop Fryslân
"Ik ha Hotze Schuil sjoen, dat wie in monumint. Doe kaam Piet Jetze Faber, geweldich wat dy koe. Dy dûnse oer it fjild en wie gjin bal fertroud. En no ha we Taeke, in ikoan mei in prachtige technyk. Asto yn dyn 40e libbensjier ta soks komst, nei safolle ûngemak - fingers kapot, de sykte fan Bechterew - in hiel soad hiene der al lang mei ophâlden. Mar Taeke net. Dy giet troch."
Taeke Triemstra op it keatsfjild © Omrop Fryslân
Sels ûndergiet de beskieden topkeatser it allegear frij nochteren. "It wurdt bêst wol grut makke, en it is ek wat hiel moais úteinlik, mar it hat noait myn grutte doel west om dit te heljen. It is it gefolch fan al dy jierren dwaan wat je leuk fine. Ik ha gewoan altyd in moai sportlibben op topnivo ha wollen."

Mindere maten fertrouwen jaan

Braaksma: "Hy hat in hiel soad fan syn heit, Reinder hie ek in prachtich slachje. Mar dat is net allinne de oarsaak fan syn sukses. It is ek hoe't er mei mindere maten omgiet. Hy jout se it fertrouwen. Altyd posityf. Dêrtroch hat er faker as ien kear partijen wûn dy't op papier net te winnen wiene. It is geweldich wat Taeke op it keatsfjild sjen lit."
It partoer fan Taeke Triemstra, Gert-Anne van der Bos en Erwin Zijlstra © Omrop Fryslân
Dat kloppet, seit ek trainer en coach Peter Tolsma, letter as Taeke en syn keatsmaten in massaazjebehanneling ûndergean as tarieding op de PC.
"Se sizze ek wolris dat hy de Roger Federer fan it keatsen is. En dat snap ik wol. It is gewoan in fatsoenlike jonge, dy't noait ien ôffalle sil. Dat is ek de reden dat minsken, dy't mei him keatse, altyd better prestearje. Hy hellet it bêste yn har nei boppen."

Ferstân fan mem

Braaksma: "Hy is rêstich en beskôgjend. Krekt as syn mem. Oars as syn heit. Reinder wie in 'vaatje buskruit'. Ik sis wolris tsjin Reinder as ik by him bin: hy hat it talint fan dy krigen en it ferstân fan dyn frou."
De mem fan Taeke Triemstra hâldt alles by yn plakboeken © Omrop Fryslân
"It wie in helder en beweechlik jonkje. It siet der al betiid yn", seit Fré, de mem fan Taeke Triemstra. "As er nei skoalle rûn, pikte er altyd in hantsjefol grint mei fan 't hiem, om fuort te slaan. Dat mocht net, mar hy koe 't net litte."
"Minsken tinke faak dat er fan ús moast, om't Reinder ek keatser wie. Mar dat is beslist net wier", giet se fierder. "Je moatte bern net twinge. Se moatte it sels wolle, oars wurdt it neat. En hy woe, hie der altyd sin oan. Ast bern gewurde litst, rêdt it himsels. Der hoechst net oer yn te sitten."
Taeke Triemstra: "It keatsen hat altyd, fan jongs ôf oan myn grutte leafde west. Ik bin berne yn 1982, dat wie myn heit syn bêste jier. Al yn de bernewein gong ik mei nei de wedstriden as heit keatse moast. Doe't ik fiif wie, wûn ik sels myn earste earste priis."
"Us heit gie yn it earstoan noait mei my mei, dy wie altyd thús oan 'e gong. Us mem en beppe giene mei nei it jongeskeatsen. Mar as ik wûn hie, draafde ik as earste nei ús heit om de krânse sjen te litten. Hy wie myn held - myn grutte foarbyld."

Gjin oare kar

Letter doe't er âlder wie, prate er in soad mei syn heit. "Us heit makke keatsballen en wanten. Sadwaande kamen der allegearre keatsers by ús thús. En dan gie it praat altyd oer it materiaal, oer de partoeren en de wedstriden", seit Triemstra.
"Alle goeie keatsers kamen by ús oer de flier. En ik koe se allegear. Foar myn gefoel ha ik noait in oare kar hân as keatser te wurden. It lei sa foar de hân. Mar fanselssprekkend is it net, want myn jongere broer hie dat net. Bauke en ik wol."
FryslânDOK folget Triemstra yn de oanrin nei de PC ta, de grutte frije formaasjepartij yn Frjentsjer dêr't alle jierren gewoanwei tusken de 8.000-9.000 besikers op ôf komme.
Jan Braaksma: "De PC winne, dat is it. Dêr sjocht elke keatser en keatsleafhawwer nei út. Dêrby komt dat Taeke dit jier ek nûmer ien wurde kin fan it PC-klassemint." Hy doart op basis fan getallen no al te sizzen dat as dat gebeurt, dêr noait wer ien oerhinne komt.
"Dat bestiet net. Se ha in prachtich partoer. Gert-Anne van der Bos en Taeke binne de grutte tenoaren, de lieders. En Erwin Zijlstra is de ûntbrekkende skeakel, dy't it plaatsje kompleet makket. It binne aardige mannen - kinne min oer ferlies en krityk, mar salang't se bymekoar binne, ha se al fjirtjin kear wûn, dus hearre se no by de bêste frije formaasjepartoeren dy't der oait west ha."
Braaksma jout se in grutte kâns om dit jier de PC te winnen. Mar dat rint oars.
FryslânDOK 'De oanhâlder wint'
  • Sneon 7 oktober 15.30 oere NPO2 (werhelling snein 8 oktober 13.25 oere)
  • Snein 8 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.