Omrop Fryslân

Hoe't trije wynmûnen Balk daliks waarm hâlde moatte

De wynturbine op it hiem fan Frans Veltman
© Omrop Fryslân
Hy komt oant 61 meter heech, de wynturbine op it hiem fan Frans Veltman út Aldegea (De Fryske Marren). Daliks spilet dy mûne mooglik in wichtige rol by it ferwaarmjen fan it doarp Balk. Hoe sit dat krekt?
De organisaasje Eigen Warmte Balk wol it doarp graach ierdgasfrij meitsje. Dat besykje se foar elkoar te krijen troch in waarmtenet oan te lizzen.

Waarmtepomp

Dy waarmte moat komme fan it wetter út de rivier De Luts en restwaarmte fan it bedriuw AVK Plastics. Dus wat hat dy wynmûne fan Veltman no krekt mei dit projekt út te stean?
"De waarmte dy't wy winne is 25-30 graden, mar nei de huzen ta moat it 70 graden wêze", fertelt Goffe Venema. Hy is projektlieder by Eigen Warmte Balk. "Dan hawwe je waarmtepompen nedich dy't de temperatuer omheech bringe en dat kostet elektrisiteit."
Goffe Venema
© Omrop Fryslân
En dy elektrisiteit soe komme moatte fan trije wynmûnen, net allinnich dy fan Veltman, mar ek fan ien út Sondel en ien út Aldemardum.

Fêste priis

Venema hopet langjierrige ôfspraken meitsje te kinnen mei de eigeners, sadat der elektrisiteit levere wurdt tsjin in fêste priis. Op dy wize is der ek mear wissichheid oer de tariven dy't minsken betelje moatte as se oan it projekt meidwaan wolle.
En dat soe potinsjele dielnimmers oer de streek lûke kinne. Foar it projekt is dat tige wichtich, want op syn minst 80 prosint fan de wenningen yn Balk moat oansletten wurde, oars komt it waarmtenet der net.
Hâldt dizze wynmûne Balk daliks waarm?
De trije wynmûnen wekke op dit stuit 500 miljoen kilowattoere griene stroom op. Dy stroom giet no fia in kommersjele enerzjymaatskippij nei ûnbekende plakken troch hiel Nederlân. As dy stroom daliks foar it waarmtenet yn Balk brûkt wurde kin, is alles dus hiel lokaal.
Dat sprekt Frans Veltman bot oan. By syn pleats hat hy in mûne fan 35 meter heech. Der sitte wjukken op fan 26 meter. Op dit stuit hat Veltman noch in kontrakt by in enerzjymaatskippij.
Frans Veltman en Goffe Venema yn petear
© Omrop Fryslân
Jout it dan net in soad ûnwissens om mei te dwaan oan it projekt? "Dat is sa, mar der is hoe dan ek in hiel soad ûnwissens op de enerzjymerk. De grutte merkpartijen besykje de risiko's safolle mooglik by de produsinten te lizzen. En wy binne oan it sjen: hoe kinne we dy risiko's safolle mooglik spriede."
Neffens Veltman is it krekt as mei in hypoteek. "Dy kinne je foar in jier fêstlizze, of fiif, of tweintich jier. No't de merk sa ûnwis is, soenen wy it moai fine om op langere termyn te witten: dit krije we derfoar."
Frans Veltman
© Omrop Fryslân
It liket der dus op dat Veltman wol meidwaan wol oan it projekt, mar wis is it noch net. "Uteinlik giet it om de fraach: kin it út? Sitst ek mei in ferfangingstermyn op de mûne. Moatte we ynvestearrings dwaan foar in nijen? Dat plaatsje moat ik noch wol skerp krije."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.