Omrop Fryslân

Gemeente stekt hast 2 ton yn waarmtenet Balk

De Luts troch Balk
© Shutterstock.com (Henk Vrieselaar)
De gemeente De Fryske Marren stekt 175.000 euro yn it projekt dat Balk fan it gas ôfkrije wol. Ynwenners fan Balk ha dêr in plan foar makke.
Doel is om 1.900 hûzen en 250 bedriuwen te ferwaarmjen op oare manieren as mei gas. Dan giet it bygelyks om waarmte út wetter of restwaarmte fan in bedriuw of mei waarmtepompen.
In helberheidsûndersyk makke twa wiken lyn al dúdlik dat sa'n waarmtenet finansjeel foardiel opsmite kin foar Balk.

Opslaan yn De Luts

Underdiel fan it projekt is om yn de simmer waarm wetter út de sleat De Luts op te slaan yn in sânlaach op 150 meter djipte. Yn de winter moat dat der dan úthelle wurde mei in hiele grutte waarmtepomp.
De kommende tiid moatte de plannen fierder útwurke wurde. Om dat mooglik te meitsjen, springt de gemeente no by.
Yn ûndersteande fideo leit de Energiecoöperatie Gaasterland út hoe't it projekt wurket:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.