Waarmtenet kin finansjeel geunstich útpakke foar Balk

De Luts troch Balk © Shutterstock.com (Henk Vrieselaar)
De kânsen nimme ta dat der in waarmtenet komt yn Balk. In helberheidsûndersyk lit sjen dat sa'n waarmtenet finansjeel foardiel opsmite kin foar Balk.
De wurkgroep Warmtenet Balk is al jierren dwaande om te ûndersykjen hoe't it doarp yn 2030 los wêze kin fan it ierdgas.
It plan is om yn de simmer waarm wetter út de sleat De Luts op te slaan yn in sânlaach op 150 meter djipte. Yn de winter moat dat der dan úthelle wurde mei in hiele grutte waarmtepomp.
Boppedat soe plasticfabryk AVK restwaarmte leverje kinne. En dêrmei soene 1.500 hûzen ferwaarme wurde kinne. De fraach is no oft de ynwenners fan Balk echt meidwaan wolle. It is de bedoeling om dat de kommende tiid te peilen.
Tjeerd Osinga, fan de Energiecoöperatie Gaasterland, besiket syn doarpsgenoaten sa fier te krijen. Konkrete finansjele foardielen kin er net jaan, mar it kin neffens him - en it ûndersyk fan IF Technology út Arnhem - wol út.

Werom fertsjinje

"It is in ynvestearring dy't we foar de minsken sa leech mooglik besykje te hâlden. As it no 2.000 of 5.000 euro is, dat kinne je yn tsien jier werom fertsjinje. En je kinne der wol 30 oant 50 jier gebrûk fan meitsje."
Finansjeel oantrekliker as in hybride waarmtepomp, seit Osinga. Dy kin likefolle kostje as in oansluting op it waarmtenet en giet minder lang mei.
De hybride waarmtepomp sil fan 2026 ôf de nije standert wurde, sei minister De Jonge tiisdei. As hûseigeners in cv-ynstallaasje ferfange litte, is it ferplichte om minstens in hybride waarmtepomp te ynstallearjen.
It is noch net wis oft alle plannen yn Balk echt trochgeane. Dat giet stap foar stap. "We ha earst in ûndersyksfaze hân. Alle partijen ha no sein dat se dermei fierder wolle. No moatte we sjen dat der oer in pear jier genôch ynwenners binne dy't meidwaan wolle."

Mooglikheden en kosten

Dêr wol de wurkgroep sa ga as mooglik mei begjinne. "Alle ynwenners moatte goed ynformearre wurde oer de mooglikheden en de kosten. Dêr binne we drok mei dwaande, de wenningstichting wurdt dêr ek by ynskeakele."
De hoop is dus om yn 2030 in hiel ein te wêzen. "De bedoeling is wol dat we foar dy tiid in part fan Balk oan it waarmtenet ha. Nei alle gedachten noch net hiel Balk, mar it kin yn gedieltes boud wurde."
Yn ûndersteande fideo leit de Energiecoöperatie Gaasterland út hoe't it projekt wurket: