Akwatermy: dyn hús ferwaarmje mei waarmte út 'e feart

De Hegemer Mar
De Hegemer Mar © Shutterstock.com (Tom Goossens)
No't ierdgas hieltiten minder populêr wurdt om it hûs mei waarm te krijen, wurdt rûnom hurd wurke oan alternativen. Ien dêrfan is akwatermy. Wat is dat krekt?
Der wurdt sa hurd socht nei alternativen omdat de provinsje Fryslân foar in grutte opjefte stiet; de CO2-útstjit moat yn 2030 mei de helte werombrocht wurde en yn 2050 mei 95 prosint.
No brûke hast alle wenningen yn Fryslân noch ierdgas, bygelyks foar de ferwaarming. Duorsume alternativen binne ûnder oare biomassa, grien gas, sinnewaarmte, wetterstof, in waarmtepomp en dus akwatermy.

Wat is it krekt?

Akwatermy is simpel sein it ferwaarmjen fan gebouwen troch it brûken fan waarmte út oerflaktewetter út marren, rivieren of kanalen. It kin ek mei waarmte út ôffalwetter of drinkwetter. Yn Nederlân, en ek yn Fryslân, ha we in soad oerflaktewetter en allinnich al dêrom is it in nijsgjirrige technyk.
Animaasje: wat hâldt akwatermy krekt yn?
Dat wetter is simmerdeis in stik waarmer as yn de winter. Yn de simmer kinst dat út bygelyks in mar helje en yn de grûn opslaan. Winterdeis kin it dan út de grûn helle wurde en brûkt wurde om hûzen of oare gebouwen te ferwaarmjen. Oarsom kinst winterdeis kâld wetter opslaan om simmerdeis te brûken foar ferkuolling.
Mar sels as der winterdeis iis leit yn 'e feart, kinst út it wetter ûnder it iis genôch enerzjy helje om te brûken. It freget allinnich mear wurk fan de waarmtepomp, dy't oan it systeem keppele is en de termostaat yn 'e hûs oanstjoert.

Hoe miljeufreonlik is akwatermy?

Yn tsjinstelling ta fossile brânstoffen komt by akwatermy gjin CO2 frij. Der is wol stroom nedich om de temperatuer omheech te krijen. As dêr foaral griene stroom foar brûkt wurdt, is der ek minder CO2-útstjit. Troch de ynset fan akwatermy om gebouwen te kuoljen, binne enerzjyfrettende aircosystemen net mear nedich.
De wetterkwaliteit kin der ek op foarútgean, as it wetter fan bygelyks in mar brûkt wurdt foar akwatermy. As de waarmte simmerdeis oan it wetter ûntlutsen wurdt, is der minder kâns op algegroei en botulisme.
In mooglik gefaar is wol, dat de waarmte ôffierd wurdt nei it oerflaktewetter as je it systeem brûke om je hûs te kuoljen. Dat oerflaktewetter wurdt waarmer, en dat kin algegroei en botulisme yn dat gefal mooglik just stimulearje.

Binne der ek tûkelteammen?

Der binne seker útdagingen. Akwatermyprojekten tilst net samar fan de grûn, omdat der faak in soad partijen by belutsen binne. Je ha bygelyks te krijen mei de eigener fan it wetter, mei bestjoersorganen as provinsjes en gemeenten en mei bewenners fan wenwiken en doarpen.
Foar it ferfier fan waarmte fia akwatermy moat in waarmtenet oanlein wurde. Dêr is in soad tiid en jild foar nedich. Beswierprosedueres kinne yn dat proses foar in soad fertraging soargje.
Waarman Gerrit Hiemstra ferwaarmet syn eigen hûs mei wetter út De Luts:
Akwatermy yn de praktyk yn Balk
De waarmte is boppedat frij leech fan temperatuer. Wolst der gebrûk fan meitsje, dan sille gebouwen op foarhân goed isolearre wurde moatte. Ek is noch net hielendal helder wat akwatermy foar gefolgen hat foar bygelyks it libben yn it wetter. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

Hoefier binne we yn Fryslân mei akwatermy?

Hjir en dêr wurdt it al brûkt. It giet dan faak om yndividuele wenningeigeners, lykas Gerrit Hiemstra dus, of losse gebouwen. Sa sitte de meiwurkers fan de provinsje yn it Swettehûs yn Ljouwert - dêr't fjirtich brêgen út wei betsjinne wurde - der waarm by troch wetterwaarmte.
Yn totaal binne der op dit stuit 26 projekten op it mêd fan akwatermy yn ûntwikkeling yn Fryslân:
Om it nei in heger nivo te tillen, hat de provinsje Fryslân in pear jier lyn al de 'Misje Wetterwaarmte 2022-2025' opsteld. Neffens dy misje moatte der takom jier fiif projekten mei akwatermy realisearre wêze.
Yn 2030 soene 60.000 Fryske hûzen en 10.000 bedriuwsgebouwen oansletten wêze moatte op kollektive waarmtesystemen mei waarmte út oerflaktewetter.