Omrop Fryslân

'Undersyk nei Songfestivalorganisator fanwegen klachten oer ûnfeilige wurksfear'

Joost Klein
© EBU/Eurovision, Sarah Louise Bennett
Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk nei de European Broadcasting Union, de organisaasje efter it Eurovisie Songfestival. Der reden dêrfoar binne ferskate klachten oer de wurksfear by it festival fan dit jier dêr't Joost Klein diskwalifisearre waard foar de finale.
Dat meldt RTL Boulevard. By it ûndersyk sille de dielnimmende delegaasjes ûnderfrege wurde oer harren ûnderfiningen.

Diskwalifikaasje

Nederlân is ien fan de lannen dy't meldingen makke fan in ûnfeilige wurksfear efter de skermen.
De Nederlânske ynstjoering, Joost Klein fan Britsum, waard diskwalifisearre foar de finale fan it festival.
Hy soe in 'driigjende beweging' nei in kamerafrou makke hawwe nei syn optreden yn de twadde heale finale. De reden dêrfoar wie dat Klein tsjin de ôfspraken yn filme wêze soe. De frou tsjinne in klacht yn. Dêrop sette de Songfestivalorganisaasje Nederlân út de kompetysje.

Rjochtssaak

De saak leit no by justysje yn Sweden. Hoe't dat krekt ferrinne sil, is noch net bekend. Klein syn advokaat hat frege Nederlânske tsjûgen te hearren oer hoe't sy it ynsidint belibben.
Dêrfoar moat it Sweedske IM in saneamd Europeesk Undersyksbefel oanfreegje. Dat hat iepenbier oanklager Fredrik Jönsson oant no ta noch net dien, seit hy tsjin Omrop Fryslân. "Spitigernôch is it tiidspaad op dit momint noch net bekend", fertelt Jönsson.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.