Wike nei diskwalifikaasje is 'Europapa' yn hiel Europa in hit
'Europapa' fan Joost Klein is werom op 1 yn de Nederlânske Top 40. In wike nei syn diskwalifikaasje foar de finale fan it Eurovisie Songfestival feroveret it ferske Europa dochs.
Nei it iepenbier meitsjen fan it ferske kaam 'Europapa' fuortendaliks op 1 binnen yn de top 40. Dêr bleau it nûmer úteinlik fiif wiken stean. Dêrmei is 'Europapa' it Songfestivalferske dat it langst op 1 stie yn de wichtichste Nederlânske hitlist.
De ôfrûne wiken sakke Klein wat plakken, mar nei alle opskuor op it Eurovisie Songfestival yn Malmö, dêr't de Britsumer útsletten waard foar de finale om't hy in driigjende beweging nei in kamera makke hawwe soe, is hy no dus werom op 1.
Klein krige dus net de kâns om mei te dwaan oan de liveshow fan de Songfestivalfinale, mar dochs liket 'Europapa' no Europa te feroverjen.
Ynternasjonaal sukses
Sa stiet it nûmer op 1 yn de offisjele hitlist fan Litouwen. Yn Finlân is Klein mei 'Europapa' binnenkaam op it twadde plak.
Fierder is it ferske de nûmer 4 yn Sweden en de nûmer 13 yn Dútslân. Yn beide lannen bliuwt Klein Songfestivalwinner Nemo mei 'The Code' foar.
Ek yn Noarwegen slacht 'Europapa' oan mei in santjinde plak yn de offisjele hitlist. Yn Ierlân komt it ferske oant plak 22, boppe de Ierske ynstjoering. En yn it Feriene Keninkryk is it de nûmer 37.
De nije list fan de Belgyske Ultratop 50 folget sneon. Ferline wike wie 'Europapa' de nûmer 3 op dy list. It ferske hat yn België earder al in skoft boppe-oan stien.
Spotify en YouTube
Op streamingsplatfoarm Spotify is 'Europapa' yntusken al mear as 66 miljoen kear beharke. Dêrmei is it de meast beharke Songfestivalynstjoering op it platfoarm fan dit jier.
De offisjele muzykfideo op YouTube kin rekkenje op hast 30 miljoen views en syn optreden yn de twadde heale finale fan it Songfestival is in lytse 12 miljoen kear besjoen op YouTube.
Sa meie je wol de konklúzje lûke dat minsken 'Europapa' net ferjitten binne, nettsjinsteande de diskwalifikaasje.