In moanne fol hege besite: ek Heech krijt besite fan kening
Kening Willem-Alexander giet kommende woansdei nei Heech, om dêr te sjen by in projekt mei wetterwaarmte.
Earder waard al dúdlik dat de kening op dyselde dei nei Sint Jabik ta komt.
Yn Heech giet de kening nei It Sylhûs. Dat is it kluphûs fan de wettersportferiening dat al mei wetterwaarmte ferwaarme wurdt.
Ynwenners fan it doarp ha yn 2012 in eigen fyzje opsteld, dêr't se de winsken foar in duorsume takomst yn fêstlein ha.
De kening sil yn Heech ûnder oare prate inisjatyfnimmers fan it projekt fan boargers dy't kollektyf fan it ierdgas ôf wolle, en mei minsken dy't dêr wol of net oan meidogge.
Dyselde dei giet de kening ek nei Flevolân, dêr't ek oan enerzjytransysje wurke wurdt.
Máxima
Op 18 juny krijt Fryslân opnij hege besite. Dan komt keninginne Máxima nei Hylpen om dêr it fernijde Museum Hindeloopen te iepenjen.
De lêste kear dat Fryslân keninklike besite hie, wie yn maaie fan 2023. Doe diene kening Willem-Alexander en keninginne Máxima yn twa dagen tiid alle Waadeilannen oan.