Hoe't in Hegemer enerzjyprojekt de tûkelteammen by ferduorsuming sjen lit

De ploech fan Warm Heeg yn juny
De ploech fan Warm Heeg yn juny © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
In ambisjeus plan foar duorsume enerzjy yn Heech giet in spannende faze yn. De gemeente moat garant stean, sadat it projekt los kin. It is in plan út de mienskip, mar it lit wol sjen hoe't ferduorsuming ek tsjin tûkelteammen oprint.
Mei in grutte lading optimisme stappe de frijwilligers fan Warm Heeg yn maaie de strjitten op. Der moat in eigen enerzjykoöperaasje komme foar it doarp en se moatte 75 persint fan it doarp oerhelje om mei te dwaan.
As dat slagget, kin it barre: Heech ferwaarmje troch it wetter fan de Hegemer Mar. Yn de simmer komt it wetter fan de mar op in hegere temperatuer. Mei moderne techniken kin dy waarmte út it wetter lutsen wurde en opslein wurde ûnder de grûn.

Hegemer Mar ynsette

Dat kin it hiele jier troch brûkt wurde foar waarm wetter en yn de kâldere moannen foar de ferwaarming, troch in noch op te rjochtsjen Hegemer enerzjykoöperaasje. Alteast, as it projekt fan de grûn komt.
De Hegemer Mar fan Yndyk ôf
De Hegemer Mar fan Yndyk ôf © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Want it komt dreech yn Heech. No, seis moannen letter, hat krekt wat minder as de helte fan it doarp him oansletten by de op te rjochtsjen enerzjykoöperaasje. Wylst trije op de fjouwer húshâldings in kontrakt ôfslute moat om de korporaasje rendabel te hâlden.
"We hadden natuurlijk liever 75 procent gehad, maar het zijn veel mensen die mee gaan doen", seit Lucie Gelderblom fan Warm Heeg. "Veel mensen hebben nog redenen om zich nu niet bij het project aan te sluiten."
Het is een grote stap, mensen vinden dat spannend.
Lucie Gelderblom fan Warm Heeg
Gelderblom begrypt dat guon minsken twivelje: "Je gaat wel een juridisch bindend contract aan voor onbepaalde tijd, terwijl de schop nog in de grond moet. Dat is een grote stap en mensen vinden dat spannend."
Ynwenners hawwe ek praktyske redenen om foarearst net mei te dwaan: "De tarieven de wij geschat hebben voor Warm Heeg, zijn nu nog wat hoger dan de goedkope gascontracten", seit Gelderblom. "En sommige mensen hebben zelf al een waterpomp geïnstalleerd of hebben net een mooi, nieuw gastoestel."

75 persint

Om troch te gean, moat de gemeente no garant stean foar ôf te sluten lieningen. Yn it slimste gefal kostet dat 2,2 miljoen euro. Mar de gemeente hat goede hoop dat it projekt slagje sil.
Dat basearret de gemeente op ferlykbere projekten út Denemarken. Al sûnt de jierren 60 wurdt dêr wurke mei waarmtenetten.
"Dêr sizze se by in dielname fan 40 à 50 persint 'Just start digging'", seit wethâlder Henk de Boer fan Súdwest-Frysân. "Dan docht bliken dat úteinlik sa'n 75 persint fan de ynwenners meidocht."
Wethâlder Henk de Boer helpt ynwenners te oertsjûgjen
Wethâlder Henk de Boer helpt ynwenners te oertsjûgjen © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De gemeenteried hie earder al bepaald dat de garantstelling wol oan wat betingsten foldwaan moat. Sa wol de ried dat de gemeente ynspraak krijt. Sa kin de gemeente bystjoere as der ferlet fan is, om it finansjele risiko te beheinen.

Op 'e foet folge

It inisjatyf wurdt yn it lân flink folge. Sa stipet it Ryk Warm Heeg mei 9,5 miljoen euro. De provinsje ferlient ek stipe. De Boer fynt dan ek dat it projekt slagje moat.
"Wy sjogge dat wy stappen nimme moatte om fan it gas ôf te gean. Dit is in mooglikheid, út de mienskip sels wei, om dat te dwaan. Troch dit inisjatyf te stypjen, meitsje wy dy earste stap."
Mensen vinden het mooi om dat als dorp met z'n allen te doen.
Lucie Gelderblom fan Warm Heeg
De sifers fan de projektgroep ûnderstypje dat Warm Heeg echt rendabel wêze kin. Fjouwer op de fiif húshâldingen fan it doarp hat oanjûn dat se nijsgjirrich binne. Warm Heeg hat der betrouwen yn dat it goedkomt.
"Dat zo veel mensen al mee willen doen, is echt een grote stap voor iets dat nieuw is", seit Gelderblom. "Iets wat mensen niet kennen. Daar putten we vertrouwen uit om door te gaan."

Mei syn allen

Dêrnjonken is de ferwachting fan Gelderblom dat it projekt yn de takomst mear wissichheid biedt as ferwaarming op gas.
"Als we het goed doen, gaan die tarieven niet alle kanten op. Dat gebeurt nu wel met de gasprijzen. We moeten echt van het gas af en mensen vinden het mooi om dat als dorp met z'n allen te doen."
Lucie Gelderblom fan Warm Heeg
Lucie Gelderblom fan Warm Heeg © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Tongersdeitejûn wurdt de garantstelling besprutsen yn de gemeenterie fan Súdwest-Fryslân. Dat wurdt nei alle gedachten oannaam. Dan kin Warm Heeg mei de banken om tafel foar finansiering en echt los mei it projekt.
"We hebben al definitieve ontwerpen voor de warmtecentrale, bronnen en de distributie", seit Gelderblom. "Dan kunnen we contracten sluiten met de uitvoerders. Hopelijk kunnen we eind 2024 de schop in de grond steken."