HEA! Súd-Afrika hinget boppe de bank en sit yn it hert
HEA! Afrika boppe de bank
It is net tafallich dat der in keunstwurk út Súd-Afrika boppe de bank hinget by Saskia en Sieds de Jong. It echtpear út Frjentsjer hat in spesjale bân mei dat lân.
Ferskate kearen hawwe se al foar de kristlike organisaasje 'Victory4All' op wurkfakânsje west nei Súd-Afrika. Se helpe bern yn sloppewiken. "Je wolle graach diele", fertelt Saskia. "En je wolle graach wat foar je medeminsk dwaan", follet Sieds oan.