HEA! Oaljefanten en liuwen boppe de bank

HEA! Boppe de Bank: oaljefanten yn Dokkum
Mei in jeep troch de bush en dan de moaiste wylde bisten sjen. It binne de oantinkens fan Klaske Minnema oan har reizen nei Afrika, op besite by har broer dy't dêr wennet.
Boppe har bank hinget dan ek in ôfbylding fan 'the big five', de fiif bekendste grutte sûchdieren fan it kontinint.
Klaske hat mei har skoansus ferskate kearen yn Afrika west. Yn de keamer binne der in soad tsjûgen fan te finen. Yn de kast stiet ek in grutte samling houten en stiennen oaljefanten.