HEA! Kuierje en rommel opromje

HEA! Goeie! Swalk
Klaske en Douwe Wijbenga binne wol gauris efkes oan de kuier yn de buert fan Bitgum. Steefêst nimme se dan in pûde en in tange mei om it ôffal dat se bûtendoar tsjinkomme op te romjen.
Se wiene op fakânsje yn Afrika en dêr wie it oeral op de strjitten in dikke binde. Werom yn Nederlân tocht Klaske; "Hjir moatte wy thús ek wat mei, oars ha je gjin rjocht fan sprekken". En sûnt dy tiid romje se alle dagen wer blikjes, peuken en oare rotsoai op. It jout harren in goed gefoel en je helpe it miljeu der ek noch mei.