Nije bylden fan hillige Titus Brandsma: "Sjochst him sels sjongen"
Piet Postma fertelt oer de ûntdutsen bylden fan Titus Brandsma
Yn it Frysk Katolyk Argyf yn Boalsert binne nije bewegende bylden opdûkt fan pater Titus Brandsma. De bylden komme út 1936 en binne filme by in beafeart yn Dokkum.
Al is er mar in pear sekonden te sjen, dochs binne de bylden bysûnder, seit Piet Postma fan it argyf. "Wy ha genôch boeken, geskriften, en brieven fan de man, mar bewegend byld is bêst hiel unyk."
Titus Brandsma waard yn 1881 berne by Boalsert. Op 17-jierrige leeftiid kaam er by de kleasteroarder fan de karmeliten. Letter waard er pryster.
Yn de jierren '30 begûn er him iepenlik tsjin it nazisme te fersetten. Yn 1942 pakten de Dútsers him op. Hy ferstoar dat jier yn in konsintraasjekamp.
Yn 2022 is Brandsma hillich ferklearre. It Fatikaan seit dat er op syn foarspraak in wûnder barde: in Amerikaanske pater soe yn 2004 genêzen wêze fan kanker nei't er ta Brandsma bidden hie.
It filmke fan yn totaal 2.25 minuten is fûn troch Postma yn in âlde slúf achteryn de kast. It byld stiet op 8-milimeterfilm.
Mear as 30 jier yn de kast
Al yn 1992 is it filmke oanlevere, mar it argyf yn Boalsert hie net de apparatuer dy't nedich wie om it ôf te spyljen. Dat feroare pas doe't it Frysk filmargyf frege oft der noch film yn de kast lei dy't se mei harren masine besjen koene.
No is it materiaal ek digitaal makke. "Ast goed sjochst, kinst him sels sjongen sjen", seit Postma.
It folsleine filmke lit it argyf sjen by harren 40-jierrich jubileum, oankommende freed. Dêrnei komt it ek op YouTube te stean.