FryslânDOK: 'Wat is it wûnder?' oer de hillige Titus Brandsma

Titus Brandsma © Omrop Fryslân
Op 15 maaie 2022 waard Titus Brandsma (1881-1942) op it Sint Pietersplein yn Rome troch paus Franciscus hillich ferklearre. Yn de FryslânDOK 'Wat is it wûnder?' stelt dokumintêremakker Annet Huisman de fraach wat 'hillich' hjoed-de-dei ynhâldt. Dit wykein te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.
Anno Sjoerd Brandsma waard as boeresoan berne yn it buorskip Oegekleaster by Boalsert. Al jong keas hy foar it kleasterlibben. Hy gong nei de oarder fan de karmeliten yn Brabân en naam de namme fan syn heit oan: Titus.
Titus Brandsma as 12-jierrige © Omrop Fryslân
Yn Rome studearre hy filosofy en letter waard er rektor magnifikus fan de universiteit yn Nijmegen. Yn de oarloch besocht er (katolike) kranteredaksjes derfan te oertsjûgjen om ûnôfhinklik te bliuwen en net de opleine NSB-propaganda op te nimmen. Hy waard oppakt, deportearre en fûn úteinlik de dea yn konsintraasjekamp Dachau.
Yn 1985 waard er sillich ferklearre.
Titus en Jetty Hettinga yn Rome © Omrop Fryslân
Goed 57.000 minsken wienen by de hillichferklearring fan Titus Brandsma yn Rome. Ek Titus Hettinga út Boalsert, achterneef fan pater Titus, wie der mei syn frou Jetty, bern en bernsbern by. In bân mei de tsjerke hawwe se amper mear, mar wol mei de wearden dêr't Titus foar stie.
"Foar ús wie pater Titus al lang hillich" sizze in soad minsken. Ek as se neat mei it katolike leauwen, Fatikaan, de paus of sels mar religy hawwe.
Bart Brandsma © Omrop Fryslân
Der wurdt noch hieltyd drok lobbyd om pater Titus ta beskermhillige fan de sjoernalistyk te beneamen. Bart Brandsma, ék famylje, studearre lykas Titus filosofy en wurke as sjoernalist.
Syn missy is: fet krije op de polarisaasje yn de maatskippij. Krekt dêryn sjocht hy Titus as foarbyld en besiket er in brêge te slaan tusken leauwigen en net-leauwigen. De krêft fan pater Titus skûlet yn syn training en wêzen as mûnts, tinkt Bart Brandsma.
FryslânDOK 'Wat is it wûnder?' (werhelling fan 25/26 juny 2022)
Sneon 29 july NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.18 oere)
Snein 30 july Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele