Hillige Titus Brandsma krijt jierlikse betinkingsdei
Pater-karmelyt Titus Brandsma, dy't ferline jier troch paus Franciscus hillich ferklearre is, krijt in eigen jierlikse betinkingsdei yn Fryslân. Brandsma (1881 - 1942) waard berne yn Oegekleaster by Boalsert. De earste betinkingsdei is op tongersdei 27 july.
Der wurdt ek in fytsrûte útset tusken Dokkum, Ljouwert, Boalsert en Skiermûntseach, seit it bisdom Grins-Ljouwert. Dêrneist is der ek in pelgrimspaad foar kuierders útset by de Fryske plakken del dêr't Brandsma in rol spile hat.
Twadde Wrâldoarloch
Brandsma sette him yn 1926 yn foar Bonifatiusbeafearten nei Dokkum. Misjonaris Bonifatius waard yn 754 by Dokkum fermoarde. Op inisjatyf fan Brandsma ferskynde yn Dokkum in Bonifatiuskapel en prosesjepark mei krúsweistaasjes as nasjonaal beafeartsoarde. By de kapel begjint nije wike tongersdei, in dei nei de stjertedei fan de hillige, de betinking.
Tv-presintator Leo Feijen hâldt by de betinking in nij brieveboek fan Titus Brandsma te doop. It boek befettet de brieven dy't de hillige út Dútske finzenissen en konsintraasjekampen wei skreau nei't er yn de Twadde Wrâldoarloch oppakt wie. Brandsma ferstoar yn 1942 yn Dachau.
Yn de middei giet de betinking fierder yn Museum De Tiid yn Boalsert. Der is jûns ek in fiering yn de Franciscusbasilyk.