Omrop Fryslân

Joost Klein genietet fan de leafde en slút ôf mei knypeach nei Songfestival

Joost Klein op Freshtival
© ANP
Foar it earst sûnt it Eurovisie Songfestival hat Joost Klein fan him hearre litten. De artyst stie sneintejûn op it poadium yn Enschede. "I am an international artist now", sei er.
Klein kaam om 20.45 oere op mei in koarte, rappere ferzy fan syn wrâldhit 'Europapa', dy't dêrnei oergie yn 'Droom Groot'. Nei ûngefear in kertier betanke er it publyk foar de stipe. "Dankjewel voor de liefde. Daar gaat het om", sei Klein flak foar't er 'Friesenjung' ynsette.
It optreden wie op it Freshtival Weekend yn Enschede. De organisaasje liet earder dizze wike witte "spektakel" te ferwachtsjen fan it optreden.
Ik hou van de liefde die hier in de lucht hangt.
Joost Klein tsjin it publyk yn Enschede
Yn de tinte dêr't Klein spile, wie plak foar sa'n 8.000 oant 9.000 besikers. Foardat it optreden begûn, stie it der al hielendal fol. Oant fier bûten de tinte stie it publyk.
RTV Oost wie by it earste optreden fan Joost Klein
Under it optreden socht Klein geregeld kontakt mei it publyk. Hy liet witte dat er tankber is foar de mentale stipe, en dat er ek "een beetje overweldigd" wie. "Ik hou van de liefde die hier in de lucht hangt."

Knypeach nei Songfestival

Oer wat der bard is yn Sweden, sei Klein neat. "Ik weet dat iedereen wacht tot ik iets ga zeggen, maar ik zeg alleen liefde."
Klein sleat syn optreden wol ôf mei in knypeach nei it Songfestival: hy spile 'The Winner Takes It All' fan ABBA, mei in housebeat derûnder. It is dit jier 50 jier lyn dat de Sweedske groep it Songfestival wûn.
Under Klein syn konsert yn Enschede ferskynde in boadskip op syn Instagrampagina: "Love always wins", mei in blau hertsje.
Joost Klein op Freshtival
© ANP
Foar Klein is it syn earste iepenbiere optreden sûnt it Eurovisie Songfestival yn Sweden ferline wike. Dêr waard er as earste artyst oait diskwalifisearre foar dielname oan de finale fan it Eurovisie Songfestival. Hy soe nei ôfrin fan de twadde heale finale in kamerafrou fan de organisaasje bedrige ha.
Omrop AVROTROS, dy't mei Klein yn Malmö wie, neamde de diskwalifikaasje "buitenproportioneel". De frou soe him tsjin de ôfspraken yn filme ha, fuort nei it optreden. Neffens Klein syn advokaat hie de artyst der wat fan sein en dêrby treau er de kamera fan de frou fuort.
De tinte stie grôtfol by it optreden fan Joost Klein
© ANP
De Sweedske plysje hat it ûndersyk nei it foarfal noch net ôf. As it klear is, moat it Iepenbier Ministearje in beslút nimme oer eventuele ferfolging. Klein sels hat noch net ynhâldlik reagearre, al liet syn advokaat wol witte dat Klein alle beskuldigingen ûntkent.

Europapa feroveret alle hitlisten

Alle oandacht pakt foar Klein syn populariteit wol goed út. Hy feroveret yn hiel Europa de hitlisten, en sels dêrbûten: yn de Spotify Viral 50 fan Amearika stiet 'Europapa' yntusken op plak twa.
Yn de measte hitlisten stiet Klein heger as Nemo, dy't mei it ferske 'The Code' it Songfestival wûn.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.