Omrop Fryslân

Kij melke ûnder de wedstriid, aaisykje en wapens: wêrom fierljeppe wy eins?

Fierljeppen (argyf)
© ANP Foto
It momint dêr't fierljeppers alle jierren nei útsjogge, is wer oanbrutsen. Sneon start it seizoen yn Winsum. Mar wêrom fierljeppe wy eins yn Fryslân? Wêr komt de sport wei? Omrop Fryslân dûkt de skiednis fan de ljepperij yn.
It is dreech om de krekte datum fan it ûntstean fan it fierljeppen te efterheljen. Want wannear 'begjint' in sport no echt? Pakke je de earste wedstriid of de earste kear oer in sleat springe? Dochs is der wol in soad te finen oer it fierljeppen.
It fierljeppen is iuwenâld, sa docht bliken út de earste boarnen dy't te finen binne. Koartlyn is der sels noch in fierljepspear út de Midsiuwen fûn yn Ferwert. It gong om in saneamde 'kletsievoetje'. In kletsy is it âld-Fryske wurd foar fierljepspear, in typysk Frysk wapen dêr't net allinnich de fijân mei temjitte wâde waard, mar ek sleatten oerbrêge.
Sjoch hjirûnder nei in tiidline fan it fierljeppen. Klik op it pylkje foar de folgjende yllustraasje.
De earste kear dat it fierljeppen as in soarte fan sport yn byld komt, is al yn de achttjinde iuw. Yn in boarne is te lêzen dat yn Baard 'Ype Gerbens op maandag den 24 augustus 1767 laten verspringen met een pols over de Bolswarder Vaart".
Of dizze Ype Gerbens de oare kant fan de feart helle hat, is net wis. Syn namme is foar de rest net werom te finen yn de boeken. It bliuwt lang stil oer it springen oer de sleat of fierljepperij. Foar de bettere boarnen komme je al gau yn de foarige iuw út.

Aaisykjen

"Dúdlik is dat it allegear begjint yn de greide sels", seit Hannes Scherjon fan it Fierljepmuseum yn Noardburgum. Scherjon is in ferneamde namme yn de sport. Hy ljepte self jierren mei en rjochte yn 2019 it Fierljepmuseum op. "Fierljeppen is ûntstien út it aaisykjen. Dêr koene minsken doe noch jild mei fertsjinje."
Hannes Scherjon as ljepper
© Martin de Jong
"Eartiids sochten minsken altyd nei aaien foar it jild. Dus wie it handich om sa gau as mooglik fan de iene greide nei de oare greide te kommen. De houten pols waard brûkt om sa oer de sleat hinne te springen.
It wie doe eins ek al in bytsje in sport, mar it wie de sport om sa folle aaien as mooglik te finen. Dy ferkochten sy oan de poelier en hellen dêr it jild mei binnen."
It fierljepseizoen begjint sneon 18 maaie yn Winsum.
Om 10.30 oere begjinne de wedstriiden foar de jongerein. Om 19.00 oere begjint de earste klasse fan de senioaren, de saneamde Waadhoekeljepperij. De spronglist bestiet út manlju en froulju. Der binne ferskate klasseminten.
De stap nei de sport is foar it earst set yn 1957. Yn Winsum waard in fierljepwedstriid hâlden, dy't organisearre waard troch Sjoerd Span. Hy is de grûnlizzer fan it fierljeppen yn wedstriidferbân. Sjoerd is de heit fan Roel Bokke Span, dy't ien fan de bêste fierljeppers ea wie.
It fierljeppen yn Winsum yn de jierren '60.
© Wurkgroep Argyf Winsum
Span organisearre tegearre mei Lykle Miedema de earste wedstriid yn Winsum. Miedema hie dêr in bedriuw yn lânbouark en koe alles gau regelje. De wedstriid wie noch net sa profesjoneel as no. "It wie doe gewoan noch folkloare", seit Scherjon.
"It wie eins it doel om it fûgelbehear ûnder de oandacht te bringen yn dy tiid", seit Gerrit Hoekstra, dy't dwaande is mei it argyf fan Winsum. Ferline jier is der in tentoanstelling njonken de âlde skâns iepene oer it fierljeppen yn Winsum.
Gerrit Hoekstra by de fierljepskâns yn Winsum
© Omrop Fryslân
Hoekstra is ien fan de inisjatyfnimmers en hy is grutsk op de histoarje yn it doarp. "It wie ek net de bedoeling dat it sa'n tradysje wurde soe. Sterker noch, de earste wedstriid stiet net iens oanskreaun as in Frysk Kampioenskip. "
De earste Frysk kampioen gong ûnder de wedstriid fuort om de kij te melken.
Gerrit Hoekstra, fan it argyf fan Winsum
It FK wurdt alle jierren yn Winsum hâlden en is it hichtepunt fan it seizoen. "Dy earste winner wie Riens Jongema en hy is letter wol meinommen as kampioen, oars is it ek wat skande", laket Hoekstra.
"It moaie is dat hy ûnder de wedstriid nei in boer yn Dronryp gong om de kij te melken. Hy kaam werom en sprong doe de finale noch. Eins bêst wol nuver at je der sa oer neitinke. De earste Frysk kampioen gong ûnder de wedstriid fuort om de kij te melken."

Twa bûnen

"Dy earste wedstriden waarden organisearre út namme fan it Fûgelbûn", seit Scherjon. "Je moasten echt lid wêze fan de Bûn foar de Fryske Fûgelwachten en dan koene je meidwaan oan de wedstriid. Dêr kaam letter in oare bûn by (It Frije Bûn), dêr't elkenien oan meidwaan mocht. Dy organisearren wedstriden op oare plakken."
It bestean fan twa bûnen soarge foar in kompetysje dy't de ljepperswrâld yn de knipe hold. Yn in artikel fan de Leeuwarder Courant fan 6 july 1959 is te lêzen dat der gedoch is:
It artikel út de LC fan 6 july 1959
© Omrop Fryslân
De ljeppers wisten sels net mear wêr't sy no krekt lid fan wêze moasten en hoe't de wedstriden organisearre waarden.
Yn 1960 fusearren de beide organisaasjes ta it Frysk Ljeppers Boun, dat no noch bestiet. Der kaam in ein oan de twastriid. It FLB is ferantwurdlik foar it organisearjen fan in tal wedstriden.
"It is alle jierren wer in feestje, at it seizoen begjint", seit Yldau Reitsma fan it bûn. "It hiele jier sjogge je út nei Winsum en no is dat momint der wer. Wy witte dat it fierljeppen in grutte histoaryske wearde hat en dêr binne wy altyd mei oan de gong. Dat makket it wurk ek sa aardich."
FK fierljeppen foar de jongerein yn Drylts, 2021
© Omrop Fryslân
De sport is yntusken feroare, seit Scherjon. Sa gong it fan in houten pols nei carbon en is it profesjoneler wurden. Mar wat is de takomst fan it fierljeppen?
"It giet yn de hiele skiednis fan folkloare nei folweardige sport en ik tink dat je dat folkloare brûke moatte. Der wurdt ek wolris wat de spot dreaun mei it fierljeppen, mar it is hoe dan ek in diel fan ús Fryske skiednis."
Der sille altyd minsken op ôfkomme, tinkt Scherjon. "Dat kin de iene kear wat minder wêze as de oare, mar dochs sil der altyd in fanatike ploech oerbliuwe. Dat sil ek sa wêze foar dit nije seizoen. Ik ha der nocht oan."
Omrop Fryslân hat foar dit artikel gebrûk makke fan ferskate boarnen dy't beskikber steld binne fia it Frysk Ljeppers Boun, it Fierljepmuseum en online krante-argyf Delpher.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.