Omrop Fryslân

Midsiuwske fierljepspear fûn yn terp by Ferwert: "Wapen met dubbele functie"

It 'kletsievoetje'
© RTV NOF, Arodi Buitenwerf
Archeologen hawwe yn Ferwert in fynst út de lette midsiuwen dien. By in opgraving op in terp fûnen sy in lyts metalen foarwerp, dat nei neier ûndersyk in 'kletsievoetje' blykt te wêzen.
In kletsy is it âld-Fryske wurd foar fierljepspear, in typysk Frysk wapen dêr't net allinnich de fijân mei temjitte wâde waard, mar ek sleatten oerbrêge.
Hjirtroch wie de fierljepspear dy't troch Fryske striders brûkt waard, in stik langer as gebrûklik. In kletsyfuotsje is it ûnderste part fan dit wapen en moast foarkomme dat de fierljepspear by it springen oer sleatten yn de modder weisakke, fertelt junior-archeolooch Wim van Es fan yngenieursburo MUG.
Der binne al earder lytse fuotsjes fûn by opgravingen yn Fryslân, mar it is noch net sa lang bekend wêrfoar't dy tsjinnen.
Van Es: "Zo'n honderd jaar lang dacht men dat het een reiskandelaar was, maar aan de hand van oude afbeeldingen en historische bronnen heeft een archeoloog van het Fries Museum onlangs vastgesteld dat het gaat om een wapen met een dubbele functie."

Mar in pear bekend

Kletsyfuotsjes binne bûten Fryslân noch nea fûn. "We gaan er dus vanuit dat dit een typisch Fries fenomeen is en tevens de oorsprong is van het fierljeppen", sa seit Van Es. Yn totaal binne no sân kletsyfuotten bekend.
Fjouwer dêrfan binne yn it Fries Museum, twa yn it Noordelijk Archeologisch Depot yn Nuis. Ek de kletsyfoet út Ferwert giet dêr hinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.