Fiif jier lyn sette Joost Klein Ljouwert op 'e kop: "Ik wist net wat ik seach"
Yn Malmö mocht it net sa wêze, mar fiif jier lyn sette Joost Klein de Arendstuin op it Befrijingsfestival op 'e kop. "Hy hie doe noch gjin snor, oar hier én gjin puntskouders."
Presintator Eric Ennema fan Omrop Fryslân kin it him noch goed heuge. Hy kundige de artyst doedestiids oan.
Ennema koe Joost hielendal noch net en wist dêrom net wat er krekt ferwachtsje koe. "Ik tocht: hoe moat ik him oankundigje?"
Komplete ferrassing
Koart foar it optreden troffen se inoar. "Ik stelde my foar en wy ha in skoftke praat. It wie in aardige, rêstige jonge."
Ienkear op it poadium waard er kompleet ferrast, en wol yn positive sin. "Ik wist net wat ik seach! Hy wie gigantysk populêr."
Sjoch hjir nei hichtepunten fan Joost syn optreden fan fiif jier lyn:
Joost Klein sette fiif jier lyn net Malmö, mar Ljouwert op 'e kop
"En ek al wie it reinderich en wiet, hy stuitere mei in bleat boppeliif fan links nei rjochts oer it poadium. It wie bûtengewoan enerzjyk."
Op in gegeven stuit rôp er op om skuon nei it poadium ta te smiten, fertelt Ennema. "Dat smiet in see fan sneakers op."
It wie in jong en fanatyk publyk, dat alles meisjonge koe, heucht Ennema him. "Se koenen it allegearre. It wie in allemachtich leuk optreden."