Omrop Fryslân

Fryske archeolooch is wrâldnijs nei krúsjale ûntdekking yn Denemarken

It skyfke dat by Ringsted fûn waard
© M. Petersen, Museum Vestsjælland
Frysk archeolooch om utens Freerk Oldenburger hat yn Denemarken in hast 2000 jier âlde byltenis fan Aleksander de Grutte ûntdutsen. In unike fynst, wêrmei't er it wrâldnijs helle.
De telefoan stiet reagleon sûnt it nijs bekend waard. Miami Herald, The Greek City Times, Türkiye Newspaper... Oldenburger wurdt benadere troch media en archeologyblochs oer de hiele wrâld.
"Mar dit is wol it moaiste ynterview dat ik jûn ha. It is hiel noflik om wer ris Frysk te praten", seit Oldenburger.
Hy groeide op yn Skearnegoutum, mar ferhûze mei syn stúdzje archeology nei Denemarken ta. "It soe kinne dat der sa no en dan in wurdsje Deensk trochhinne sit. Ik bin wat ferdeenske, want ik wenje hjir al hast tweintich jier."
Freerk Oldenburger
© M. Vennersdorf, Museum Vestsjælland
It wiene twa amateurarcheologen, Finn Ibsen and Lars Danielsen, dy't it objekt mei in metaaldetektor fûnen yn in omploege fjild by Ringsted, yn it easten fan Denemarken. It giet om in lyts, muntachtich objekt fan noch gjin trije sintimeter, mei dêrop de ôfbylding fan in man.
Oldenburger: "Der binne hjir strange regels ferbûn oan archeologyske fynsten. Dy moatte nei in lokaal museum brocht wurde."

"Hiel bysûnder"

Sa kaam it by Oldenburger telâne, yn Museum Vestsjælland yn Holbæk. Oldenburger foel hast fan syn stoel doe't er it skyfke yn 'e hannen krige. "De wielderige hierlokken en de ramshoarns... Ik hie ik fuort yn de gaten dat it om in byltenis fan Aleksander de Grutte gie", fertelt de archeolooch.
"It is hiel bysûnder, want soks fine wy normaal sprutsen net yn Skandinavië."
Amateurarcheologen Finn Ibsen (l) en Lars Danielsen (r) fûnen it skyfke by Ringsted
© Freerk Oldenburger, Museum Vestsjælland
It giet neffens Oldenburger om in sierskyfke dat op in skyld sitten hat. "De Germaanske krigers hiene grutte rûne skylden. De bûtenkant wie fersierd. Mei beskilderings bygelyks, mar ek mei edelstiennen of sierskyfkes. En dêr sieten ek portretten yn." Yn dit gefal dus fan Aleksander de Grutte.

Fassinaasje

Mar hoe komt it skyfke mei de byltenis fan Aleksander de Grutte yn de goedichheid yn Denemarken telâne? It lân hat nea ûnderdiel west fan it Romeinske Ryk, it wie Germaansk territoarium. En Aleksander de Grutte ferstoar al yn 323 foar Kristus. It skyfke is dus 500 jier jonger as Aleksander sels.
"It hat der wierskynlik mei te krijen dat de Romeinske keizers fassinearre wiene troch Aleksander de Grutte. Sy woene like grutte feroverders wêze", leit Oldenburger út. "Dêrom wiene der op dat momint in protte ôfbyldings fan him yn omgong yn it Romeinske Ryk."

Wa wie Aleksander de Grutte?

Kening Aleksander III fan Masedoanië libbe fan 20 july 356 foar Kristus oant 11 juny 323 foar Kristus.
Aleksander ferovere it Perzyske Ryk, wêrtroch't hy ien fan de grutste riken út de âldheid kreëarre, fan Grikelân oant Yndia. Dêr tanket hy syn namme 'de Grutte' oan.
It suden fan it hjoeddeiske Nederlân foel letter ek yn hannen fan de Romeinen, mar Fryslân bleau bûten harren macht.
"Om 200 nei Kristus hinne wie der ien Romeinske keizer, Caracalla. Dat wie in nuveren ien", seit Oldenburger. Hy hold ek grutte fjildtochten en yn syn grutheidswaan tocht er dat hy reynkarnaasje wie fan Aleksander de Grutte.
"Hy bylde himsels dêrom ôf as Aleksander de Grutte." Dy obsesje ferklearret wêrom't der yn dat tiidrek noch altyd ôfbyldings fan Aleksander yn omgong wiene.
In fergelykber skyfke waard fûn yn Illerup Ådal, goed 200 kiilometer fierderop. "De fynst op Jutlân kinne wy hiel presys datearje, nei sa'n 200 jier nei Kristus." It skyfke by Ringsted sjocht der presys itselde út en komt dus út deselde tiid.
It Romeinske Ryk wie op syn grutst ûnder keizer Trajanus (98-117 nei Kristus)
© Omrop Fryslân
"Wy witte yn elts gefal dat de brûnzen legearing fan de fynst by Ringsted ôfkomstich is fan in omsmolten Romeinsk byldsje. Nei alle gedachten komt de legearing út in gebiet te'n suden fan de Alpen."
Wêrom't Germaanske krigers mei in Romeinske byltenis op harren skyld rûnen, kin Oldenburger net ferklearje. "Dat is de fraach. Wy witte net oft sy Aleksander de Grutte deryn seagen. It kin likegoed wêze dat sy der in lokale god, kriger of lieder deryn sjoen ha."
Der is in stereotype byld dat Germanen barbaren wiene, mar it wiene hiele tûke minsken.
Freerk Oldenburger
Hoewol't de grins mei it Romeinske Ryk fier fuort wie, makket de bysûndere fynst dúdlik dat de ynfloed derfan yn it Germaanske gebiet grutter wie as fermoede.
"De Germanen wiene wierskynlik folle bewuster fan de leginde fan Aleksander de Grutte ast tinke soedest. Der is in stereotype byld dat Germanen barbaren wiene, mar it wiene hiele tûke minsken."
De fynst is net allinnich yn Denemarken grut nijs. "De telefoan gie om fiif oere moarns al. Ik ha de hiele dei dwaande west mei sjoernalisten en telefyzje", seit Oldenburger.

Netflix-searje soarget foar ekstra oandacht

"In hiel bysûndere belibbing, want normaal bin ik foaral dwaande mei izertiidierdewurk hjir. En dat hat net deselde media-ynteresse", laket Oldenburger. "Dus dat wie wol even wenne."
Dat de wrâldparse der boppe-op sit, hat neffens de archeolooch ûnder oare te krijen mei in nije Netflix-searje oer Aleksander de Grutte dy't dit jier útkaam. "En hy is fansels in grutte histoaryske persoanlikheid. Hy is wrâldferneamd."
It skyfke dat by Illerup Ådal fûn waard
© P. Dehlholm, Moesgaard Museum
It skyfke hat in skoftke yn Museum Vestsjælland lein, mar no giet it nei it Nationalmuseet, it nasjonale museum fan Denemarken. "Sy bepale oft it 'danefæ' is."
Dat binne âlde foarwerpen dy't yn Denemarken fûn binne, dy't gjin eigener hawwe, mar dy't wol in bysûndere kultuerhistoaryske wearde hawwe. Dy objekten wurde eigendom fan de steat en moatte oerdroegen wurde oan it Nasjonaal Museum fan Denemarken.
"Ik hoopje dat it dan in eareplakje krijt." En de twa manlju dy't it bysûndere objekt fûn ha? "Dy krije in fergoeding foar harren fynst", beslút Oldenburger.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.