Omrop Fryslân

Ljouwert wol âlde stiennen flier Waagplein útstalle, hoe en wêr noch net bekend

Detail fan de stiennen flier op it Waagplein
© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
De gemeente Ljouwert wol de flier fan de midsiuwske Waach, dy't foar it ljocht kaam is by archeologyske opgravingen, yn in binnenromte tentoanstelle.
It hie it moaiste west as de flier op it plak sels, it Waagplein, bliuwe koe, seit de gemeente. Dat kin lykwols net. De midsiuwske stiennen binne der net op makke om bûtendoar te bliuwen. "Dan zouden ze binnen de kortste keren vergruisd zijn", seit stedarcheolooch Jan-Willem Oudhof.
In trochsichtige flier deroerhinne kin ek net, want dêr is it te fochtich foar yn Ljouwert. De flier soe lêst krije fan kondins en algegroei.
Oersjoch fan de opgravings
© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
De gemeente is fan doel in firtuele rekonstruksje meitsje te litten fan de midsiuwske waach. Dy moat dan diel útmeitsje fan de kommende werynrjochting fan de Nijstêd yn Ljouwert.

Opslach

Foar no gean de archeologen fierder mei it ûndersyk. Se sille alle resten yn detail fêstlizze mei 3D-lasers.
De stiennen fan de flier wurde der foarsichtich allegearre úthelle en opslein. Dêrnei wolle de archeologen ek ûnder de opgroeven flier sjen om te hifkjen oft der noch âldere resten lizze.
Jan-Willem Oudhof, stedsarcheolooch
As it ûndersyk klear is, wurdt besluten wat dêr krekt barre sil mei de flier. Hoe grut oft de ústalling fan de stiennen flier wêze sil en wêr't dy komme moat, dêr binne al ferskate ideeën, seit Oudhof. Boargemaster Buma hat sein dat er it ek wol op syn wurkkeamer hawwe wol, neffens Oudhof.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.