Archeologen lizze de skiednis fan de midsiuwske waach fan Ljouwert bleat

In muorre fan de âlde waach mei op de eftergrûn syn hjoeddeiske opfolger © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Archeologen dogge de iene nei de oare ûntdekking by opgravingen op it Ljouwerter Waagplein. De foarrinner fan de hjoeddeiske waach wie ein 16e iuw flink yn ferfal, sa is wol dúdlik wurden.
In waach wie in gebou dêr't hannelsguod woegen waard. Yn Ljouwert gie it benammen om suvelprodukten lykas tsiis en bûter. Eltse serieuze merkstêd hie yn it ferline sa'n waach.

In waach yn ferfal

De midsiuwske waach stie krekt wat mear yn 'e rjochting fan de Wurdumerdyk en de oerbliuwsels fan dizze waach binne no fûn. De hjoeddeiske waach fan Ljouwert is om 1597 hinne boud, om't de midsiuwske foarrinner net mear oan de easken foldie.
Archeologen lizze de skiednis fan de midsiuwske waach fan Ljouwert bleat
Dat sjogge de archeologen, seit André Pleszynski. "Het lijkt er op dat de waag in staat van verval was. Dat zien we ook, de muren zijn helemaal scheefgezakt. Mogelijk heeft dat te maken met dat de gracht hier vroeger iets breder was en dat het verzakt is. Of het heeft te maken met de Middelzee en een diverse ondergrond."
De midsiuwske waach lei goed ûnder it plein bedobbe © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der komt in nij plantsoentsje op it stikje plein, dêrom fiere Pleszynski en syn kollega's ûndersyk út. "We halen letterlijk een stukje historie van middeleeuws Leeuwarden weer boven water." Sy kamen as earste ien fan de dikke muorren tsjin.
Yn 'e midden de âlde waach (it wite gebouke by it wetter), op in kaart út 1560 fan Jacob van Deventer © Historisch Centrum Leeuwarden
Fan de âlde waach wit hy dat de skiednis op syn minst weromgiet oant 1483. "Want toen werd het in een historische bron genoemd als een betekenisvolle waag." Bekend is ek dat in noch wer âldere foarrinner yn de omkriten fan it stedhûs stien hat.

Yn de midsiuwen

Pleszynski hopet de waach de kommende perioade noch krekter datearje te kinnen. "We vonden vandaag twee zilveren penningmuntjes uit de middeleeuwen. Dus we kunnen de waag straks waarschijnlijk voorzien van een mooie datering."
Twa fan de learbeslachjes dy't fûn binne © André Pleszynski
Fierder fine de archeologen in soad learbeslach. "Dat zijn kleine leren elementjes die op leren riemen zaten", leit Pleszynski út. "Zowel op hondenbanden als op riemen die op jurken zaten. Op afbeeldingen uit die tijd zien we ook allemaal glimmende plaatjes, die vinden we nu terug. We hebben al een mooi schildje gevonden met een tekeningetje, met een soort kruis met blaadjes en bloemmotieven. Dat vind je niet dagelijks."
Deze twee weken gaan fantastische dingen opleveren.
André Pleszynski
Fierder is yn de donglaach binnen de waach in stik fersierd kustierdewurk oantroffen, dêr't ek noch fingerprinten op sitte. "Dat zie ik voor het eerst", seit Pleszynski. Hy is sawiesa al tige entûsjast oer de opgravingen. "Deze twee weken gaan fantastische dingen opleveren."
André Pleszynski
De archeologen wurkje stadich nei ûnderen ta en brûke ek de metaaldetektor. "Wat we vinden, willen we zoveel mogelijk veiligstellen. Dus er gaat een paar centimeter per keer af, in dunne lagen, om de schatten boven water te halen."
Alle dagen steane der nijsgjirrige minsken by de stekken mei fragen. "Aan interesse is geen gebrek", seit Pleszynski, dy't graach wat fertelt oer de fynsten.
De waach op in kaart út 1580 fan Frans Hogenberg en Georg Braun © Historisch Centrum Leeuwarden