Omrop Fryslân

Soad belangstelling by sjochdei fan opgravings Ljouwerter Waagplein

Sjochdei by de opgravingen
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
In soad belangstellenden kamen sneon ôf op de sjochdei by it Waagplein yn Ljouwert. Archeologen hawwe fundearringsresten fan it eardere waachgebou fûn. It giet om resten fan in bakstiennen fundearring.
Al om 10 oere stie der in rige. De minsken wurde yn groepen ferdield en der binne fiif gidsen om fan alles oer de fynsten te fertellen.
Minsken kinne meisjen by de opgravings op it Ljouwerter Waagplein
"De originele vloer is 600 jaar oud, het is uniek dat we hier kunnen staan", seit opgravingslieder André Pleszynski. "Dat is een unieke ervaring en mensen waarderen dat." De flier is yn de hiele breedte fan de waach weromfûn. Hy neamt it de opgraving fan it jier foar de stêd Ljouwert. "Wat een resultaat, dat hadden we nooit verwacht."
It leafst soe er de flier en de fynsten bewarje wolle. "Dat zou mooi zijn, als het ontsloten kan worden voor het publiek, zodat ze ernaar kunnen kijken. Dat is aan de provincie, die eigenaar is van de vondsten."
Drokte by de sjochdei
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Der binne ek ferskate munten fûn. "Een penning van Floris de Vijfde en een cavalier van Margareta van Constantinopel, persoonlijk vind ik dat de mooiste munt die je kunt vinden."
Besikers jouwe oan dat se it hiel nijsgjirrich fine. Se binne fernuvere dat it sa goed bewarre is, de flier en de munten.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by de sjochdei
De hjoeddeiske waach is om 1590 hinne boud. Dêrfoar stie der 100 jier lang in oar waachgebou. Dit gebou wie oant hjoed allinnich bekend fan in âlde stedsplattegrûn.
De archeologyske fynsten wurde skjinmakke en fierder ûndersocht. De kommende twa wiken wurdt de rest fan de fundearring fierder opgroeven en ûndersocht.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.