Fundearring eardere waachgebou fûn by wurksumheden op Waagplein yn Ljouwert

Sykje nei de fundearring fan it eardere Waachgebou © Gemeente Ljouwert
Archeologen hawwe op it Waagplein yn Ljouwert resten fûn fan de fundearring fan it eardere waachgebou. It gebou wie oant no ta allinnich bekend fan in âlde stedsplattegrûn.
De waach fan no is om 1590 hinne boud. Dêrfoar stie der 100 jier lang in oar gebou. De resten dy't fûn binne, wurde skjinmakke en ûndersocht. Yn de kommende twa wiken wurdt de rest fan de fundearring opgroeven.
Op dit stuit binne der wurksumheden op it Waagplein, want de gemeente Ljouwert wol it plein fergriene. It wurk jout archeologen de gelegenheid om midden yn de stêd ûndersyk te dwaan. Op dizze wize binne resten fan it âlde waachgebou ûntdutsen.
"De gemeente Leeuwarden heeft een rijk historisch verleden met honderden rijksmonumenten. Fantastisch dat we daar vandaag een nieuw puzzelstukje met informatie aan toe kunnen voegen", seit wethâlder Evert Stellingwerf.
"De vondst is nieuwe informatie, want we weten niets over dit gebouw. Ik ben benieuwd naar de resultaten van het archeologische onderzoek."