Omrop Fryslân

Mear beammen plantsje tsjin hjitte yn stêden wurdt gjin ienfâldige put

Noch nea wie it waarmer yn Ljouwert as tiisdeitemiddei. De termometer fan it KNMI joech 34,8 graden oan, like heech as it rekôr út 2018 en 2019. It ferskil yn de stêd wie wol grut: op plakken mei in soad grien wie it in stik frisser.
Op it Saailân bygelyks: dêr steane no de beammen fan it Arcadia-projekt Bosk. De temperatuer leit dêr in stik leger as op oare pleinen yn de stêd, lykas it Aldehoustertsjerkhôf.
Wethâlder Evert Stellingwerf seit dat de beammen op it Saailân op dizze waarme dagen as in soart airco wurkje. "Daarom is het hier veel koeler en aangenamer."
As it oan him leit, komt der mear grien yn de binnenstêd. Der binne al plannen foar beammen op it Waagplein en ek op it Mata Hariplein moatte se komme.

Nofliker en moaier

It moat de hjitte tsjingean. "Hittestress heeft ook gevolgen voor onze gezondheid", seit er. "Mensen slapen minder als het zo heet is, het blijft langer warm in de huizen."
Boppedat wurdt de stêd moaier fan it grien, fynt Stellingwerf. "Los van dat het veel aangenamer op straat is. Als de binnenstad groen en leefbaar is, wil je daar graag zijn. Als het steen en heet is, blijf je liever thuis. Van groen wordt het dus ook aantrekkelijker."

Net samar plantsje

Mar samar wat beammen plantsje kin net. Dat leit oan kabels en liedingen ûnder de grûn. "Een boom heeft onder de grond evenveel ruimte nodig als boven de grond. Per jaar dat de boom groeit, is er een kuub grond nodig. Dan kom je kabels en leidingen tegen."
Dit neijier presintearret it kolleezje fan de gemeente Ljouwert de plannen foar de binnenstêd. Dêryn steane ek ideeën foar nije beammen yn de gemeente.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.