De kuierjende Bosk moat trochbouwe oan de dreamen fan Joop Mulder

'Ast net benaud bist foar dyn dreamen, dan binne se net grut genôch.' Dat wie it biedwurd fan Oeroldirekteur Joop Mulder, dy't ferline jier ferstoar. In kuierjend bosk mei mear as tûzen beammen wie it lêste dêr't er fan dreamde.
Der wurdt trochboud oan de dreamen fan Joop Mulder:
Mei de kulturele manifestaasje 'Bosk' wurdt dy lêste dream werklikheid. 'Bosk' is ûnderdiel fan Arcadia, in soarte fan opfolger fan Kulturele Haadstêd 2018. Dizze kulturele manifestaasje set útein op 6 maaie: hûndert dagen lang is der yn hiel Fryslân in soad te belibjen op it mêd fan kultuer.

Neilittenskip earje

"Het blijft een soort litteken, een gevoel van gemis", seit Bruno Doedens, de artistyk lieder fan Bosk. "Ik heb mezelf voorgenomen om dit als eerbetoon voor Joop te doen. Hij zal het vast wel ergens zien, op een of andere manier is hij erbij. We doen dit ook om zijn nalatenschap te eren, dit was het laatste project waar hij echt bij betrokken was."
De kuierjende bosk fan mear as tûzen beammen folget 100 dagen lang in rûte van 3,5 kilometer troch de Ljouwerter binnenstêd. Op alve plakken komt de bosk efkes ta stilstân, lykas by it Saailân, de Foarstreek en it Gûverneursplein. Der wurde allegearre aktiviteiten organisearre.
Sneon is de iepening by it stasjon, mei it 'Woude der stemmen'. In koar fan 260 minsken sjongt de hiele dei in komposysje, dy't skreaun is troch Merlijn Twaalfhoven.
Joop Mulder yn in Skylger bosk yn 2017 © ANP
'Bosk' is boppedat ûnderdiel fan Sense of Place, in samling fan lânskipskeunstwurken dêr't Joop Mulder ek de oprjochter fan is.

Trochbouwe oan Joop syn dreamen

"We hebben echt een jaar de tijd genomen om ons te herpakken", seit Wendy Gooren fan Sense of Place. "We gaan Joop niet vervangen, want hij is niet te vervangen. Maar we werken met een artistiek adviesteam, dat het gedachtegoed van Joop en de kwaliteit van het werk bewaakt. We bouwen met elkaar door aan de dromen die Joop voor ogen had."
Sense of Place hat noch twa oare projekten dy't no mei Arcadia te sjen binne. Neist 'Bosk' binne dat 'De Streken', in 'getijdenproject' dat earder al op Oerol te sjen wie, en it keunstwurk Gaia, fan de Ingelske keunstner Luke Jerram.
It keunstwurk Gaia op it Inside Out Dorset Festival © Brent Jones
Oerol-direkteur Joop Mulder ferstoar mear as in jier lyn hommels, mar syn ynfloed is hjoed-de-dei noch goed sichtber. Op 10 maaie is syn bertedei. Dan wurdt der by it stasjon yn Ljouwert in betinkstien ûntbleate, mei dêrby in gedicht fan Wende Snijders.