It libben fan 2000 jier lyn: soad belangstelling foar opgraving by Menaam
Lizze der ûnbekende skatten of gouden munten ûnder de greide by Menaam? In groep fan sa'n acht archeologen is dêr al wiken dwaande mei in grutte opgraving.
It giet om in terrein fan likernôch ien bunder, njonken it bedriuweterrein De Stapel. Dat wurdt útwreide en dêrom wurdt it gebiet earst minusjeus ûndersocht op skatten út it ferline. Der is al hiel wat nijsgjirrichs fûn op it plak, dêr't sa'n twatûzen jier lyn in delsetting fan boeren stie.
"Dit is in fynplak út de lette izertiid en de betide Romeinske tiid", fertelt archeolooch Hans Veenstra. "It giet om de perioade fan 250 foar Christus oant 100 nei Christus. Yn dy tiid ha hjir minsken wenne en de resten dêrfan grave wy hjir op."
Libbenswize
De opgravingen moatte helpe by it begripen fan hoe't minsken twatûzen jier lyn yn it gebiet by Menaam libben. Benammen harren relaasje mei it wetter, de see, is dêrby nijsgjirrich.
"Der wiene noch gjin diken", leit Veenstra út. "De see kaam hjir hiel faak oerhinne. Minsken ha hjir in soad te stellen hân mei it wetter. Wy ha dêrom foaral sletten, greppels en kûlen fûn dy't minsken eartiids groeven ha."
Sulveren munt
En gouden munten of bysûndere objekten? "Dat hast net. Wy ha ien sulveren munt fan de Romeinen fûn, dy komt fan fier út Rome. Mar fierder benammen deistich guod wat minsken brûkten."
Gewoanwei steane der stekken om it plak fan de opgraving, mar ôfrûne freed waard it terrein iepensteld foar in spesjale publyksdei. Der kamen in soad minsken op de opgraving ôf. Minsken út de omjouwing, mar ek fan folle fierder fuort.
Dat jildt ek foar Alex ter Horst út Buurse, flak by Enschede. Hy is mei syn frou spesjaal nei Menaam kaam om te sjen nei it wurk fan harren dochter, dy't archeologe is. "Eens even kijken wat zij elke dag doet. Het is wel koud en nat, maar heel erg leuk om te zien."
"Hiel ynteressant"
Doedt de Jong-Elzinga en har man komme fan wat tichterby, út Dokkum. "Ik ha tige ynteresse yn de skiednis, dat fyn ik hiel ynteressant", sa fertelt se. "It is de muoite wurdich om te sjen hoe't de minsken eartiids libben."
Dat der safolle minsken kamen te sjen, docht de archeologen goed. "It is wol bysûnder hoe drok as it wie", neffens Veenstra. "Al sprekt archeology al gau ta de ferbylding."
De kommende oardel wike binne de archeologen noch wol dwaande by Menaam. Mar dan begjint it echte puzzeljen pas. "Alles wat fûn is, wurdt dan wasken. En wy sykje út wat alles is en wêr't it weikomt. Dan kinne wy dêrnei de puzzel yn elkoar sette."