HEA! Mekka boppe de bank
HEA! Mekka boppe de bank
By de famylje Kozan-Karadavut wurdt it Sûkerfeest fierd. De hiele famylje is dêrom op besite by beppe op it Hearrenfean.
Der wurdt gesellich praat en iten en dronken mei-inoar. Beppe hat in ôfbylding fan de moskee fan Mekka boppe de bank hingjen. Dat is hiel wichtich foar har. Mar eins fynt se de besite fan de kameraploech mar neat, leaver rjochtet se har op de bern en de beppesizzers dy't op besite binne.