HEA! De eintiid komt deroan

HEA! Boppe de bank: Eintiid
Piet de Jong fan Drachten is in leauwich man, en Israel spilet yn syn leauwen in grutte rol. Foar it rút fan De Jong hinget in poster oer Joaden dy't troch Hamas gizele binne.
Neffens De Jong is de Bibelske eintiid oansteande en sil der in grutte reiniging ûnder it minskdom plakha. Dat sjocht hy oan hoe mâl it no yn de wrâld giet. Hoe't dy eintiid der krekt útsjocht, wit de Drachtster net. Mar wol dat hy dat noch meimeitsje sil. Dêrom riedt hy him dêrop ta.