HEA! "Allegearre itselde bloed"

HEA! Goeie Turkske kapper
Al 15 jier knipt Turkske kapper Jalal Shamsa alle soarten en maten minsken yn syn saakje oan it Vliet yn Ljouwert. Op it pleintsje sitte ferskate ûndernimmers, lykas in bakker, in kleanmakker en in supermerk mei produkten út East-Europa.
"It is hjir krekt in 'kleine Centrale'", seit Shamsa, ferwizend nei it grutte winkelsintrum tichteby. It foldocht de kapper poerbêst yn Ljouwert.
Foar in tientsje nimt hy eltsenien ûnder hannen. Shamsa ferstiet sels wol in bytsje Frysk. "Uteinlik ha we allegearre itselde bloed."