Omrop Fryslân

Josse Wester genietet nei fan Amstel Gold Race: "It wie it absolute dreamsenario"

Josse Wester yn de ploechleidersauto by de Amstel Gold Race
© Joren Benjamins/Tour de Tietema
Tûzenen minsken yn harren 'eigen' bocht, in rider yn de kopgroep, freonen yn Fryske shirts lâns de kant. Tour de Tietema-Unibet debutearre snein yn de Amstel Gold Race en foar mei-ploecheigener Josse Wester wie it in dei om net gau te ferjitten.
"It wie in koart nachtsje", fertelt de Wynjewâldster laitsjend. "Mar foar ien dy't mar fjouwer oerkes slept hat fiel ik my best aardich."
Wat is de rol fan de twa Friezen yn de suksesfolle hurdfytsploech Tour de Tietema?
Dat hy min yn sliep fûl, is net sa frjemd nei de dei dy't Wester snein belibbe. Syn ploech debutearre yn de Limboarchske heuvelklassiker en stie dêrmei foar it earst oan de start fan in WorldTour-koers.
"It wie in enoarme mylpeal foar ús om dêr te riden. Ik ha mysels wol in par kear yn de earm knipen."

Tour de Tietema-bocht

Sa wist hy net wat hy meimakke doe't hy by de Tour de Tietema-bocht oankaam. It team hie dizze lâns it parkoers ynstallearre, om sa tegearre mei fans de wedstriid folgje te kinnen.
"Doe't we nei de bocht giene hie ik gjin idee wat ik seach. Der stiene tûzenen minsken, dat hiene we fan tefoaren nea betinke kinnen. It wie frij absurd."
Op in bepaald momint waard it sels sa drok dat der befeiliging ynset wurde moast. "Dat hiene se by de Amstel Gold Race ek noch net earder meimakke."
Dat it sa'n grut sukses wurde soe, hie Wester fan tefoaren nea ferwachte. "Do sitst wat tusken tinke en hoopje yn, mar dit wie wol echt it absolute dreamsenario."
Hjirmei doelt hy ek op de koers sels, wêryn't alles likegoed ferrûn sa as pland.

"Mei in wave troch de lêste ronde"

Sa hiene se mei de Brit Zeb Kyffin in rider yn de betide flecht, barden der ûnderweis gjin ûngelokken en kamen seis fan de sân riders oer de streek. Hartthijs de Vries út Kollum wie dêr ien fan.
Hartthijs de Vries yn de Amstel Gold Race
© Joren Benjamins/Tour de Tietema
"Hy hat it fantastysk dien. Yn it begjin hat hy wol reedlik mei syn krêften smiten, want it doel wie dat hy yn de kopgroep sitte soe. Mar hy hat de koers útriden en dat is in hiele moaie mylpeal", seit Wester.
"Oan de bylden te sjen hat hy it ek flink nei syn sin hân. Hy gie mei in wave troch de lêste ronde, dus dat wie super moai."
Hartthijs de Vries giet troch de Tour de Tietema-bocht
Kwa útslach diene de Tour de Tietema-riders noch net mei om de prizen. Neffens Wester wie dat ek net per se te ferwachtsjen.
"Ik tink dat it goed is om it yn perspektyf te pleatsen. We diene einliks as eredivyzjeploech mei oan de Champions League, wat betsjut dat sc Hearrenfean juster tsjin Real Madrid fuotbalje mocht."
Hy referearret dêrby ek oan in wedstriid tusken sc Hearrenfean en AC Milan wêr't hy by oanwêzich wie. "Pranjic skoarde doe de 1-4 mei in penalty. Dat fielde foar ús ek as wûnen we in WK-finale."
De prestaasje fan juster moatte we op deselde wiize sjen. "Foar ús wie it yn hiele moaie prestaasje, mar it wie net realistysk om mei te dwaan om de winst."

Troudei-gefoel

Wester omskriuwt de dei fan juster as ien fan de moaiste fan syn libben. "Ik hie fan tefoaren in soarte fan troudei-gefoel. Yn de sin fan datst in protte senuwen hast foar de seremoanje en datst dat dêrnei allegear loslitte kinst by it feest."
Foarhinne giene myn freonen en ik sels wolris nei koersen as dizze. No kamen se by ús te sjen.
Josse Wester
Dat syn âlders der ek by wiene, makke it foar him noch ris ekstra spesjaal. In groep freonen út Fryslân wie likegoed fan de party.
"Dy stiene yn Fryske shirtsjes lâns de dyk, dus dy wiene hiel werkenber."
Foar Wester wie it erg bysûnder dat se lânskamen. "En foar harren wie it ek moai. Foarhinne giene we sels wolris nei koersen as dizze, dan tôgen we yn it wykein dêrhinne. No kamen se by ús sjen."
Josse Wester moediget syn team oan by de Amstel Gold Race
© Joren Benjamins/Tour de Tietema
Hoewol't syn blik no alwer rjochten is op de kommende wedstriden - Wester is op dit stuit yn Eastenryk foar de Tour of the Alps - sil it neigenietsjen noch wol even oanhâlde.
"It wie foar Tour de Tietema by far de moaiste dei dy't we oant sa fier belibbe ha. Dat wurdt lestich om te oertreffen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.