Omrop Fryslân

Relykskrijn mei oerbliuwsels fan hillige Bernadette de kommende dagen yn Fryslân

De oerbliuwsels fan de hillige Bernadette yn Boalsert
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De oerbliuwsels fan de hillige Bernadette lizze de kommende dagen yn Boalsert. Se binne sneon nei de Sint Franciscus-basiliek brocht. De saneamde relykskrijn, dêr't in pear bonkjes yn lizze, is oantemei tiisdei foar elkenien te sjen. "Het brengt de boodschap van het verre Lourdes dichtbij ons."
It is hast healwei alven oan de Grote Dijlakker yn Boalsert. By de Sint Franciscus-basilik steane sa'n tsien minsken te wachtsjen op in bestelbuske út Rotterdam. "Toch wel spannend", seit pastoor Arjen Bultsma. Dan draait in wit buske de hoeke om, de doarren fan it buske geane iepen.
De relykskrijn komt oan yn Boalsert
De lading is bysûnder: bonkjes fan it lichem fan de hillige Bernadette. Yn in spesjale relykskrijn binne dizze stoflike resten op tour by alle bisdommen del. Wiebren Riemersma fan Boalsert wurdt der emosjoneel fan. "It rekket my en ik wit net wêrom. It is in gefoel, djip fan binnen. En it fielt goed."
Bernadette Soubirous (1844-1879) wie 14 jier doe't se yn in grot by Lourdes yn Súd-Frankryk achttjin kear in ferskining fan in 'moaie dame' seach. Neffens de Rooms-Katholike Tsjerke moast dat wol Maria wêze. Hjirnei waard Lourdes jierliks troch miljoenen pylgers besocht. Bernadette is yn 1933 hillich ferklearre. It wetter fan Lourdes wurdt in helende wurking takend. Tsientallen sike besikers sizze dat se troch Lourdes better wurden binne.
"Heel bijzonder", seit pastoar Bultsma op it momint dat de skrijn, in Mariabeeld en in stikje rots út Lourdes nei moannen fan tarieding de tsjerke ynriden wurde. "Ik ben trots maar vooral dankbaar."
De skrijn wurdt yn de tsjerke set
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Bultsma seit dat dizze tiid it boadskip fan de hillige Bernadette goed brûke kin. '"We leven in een tijd met oorlogen en in ons land maken mensen zich zorgen over bijvoorbeeld wonen en klimaat, Het verhaal van Bernadette toont dat ook naar ons wordt gezien door God."
De pastoar hopet dat de komst fan de hillige reliken in protte minsken treaste en seine sil. "Ik denk dat iedereen wel iets wil hebben van iemand die je dierbaar is, bijvoorbeeld de bril van je overleden moeder of een kettinkje van je moeder. Dit moet je ook zo zien. Het is een ervaring van dichtbijheid.''
De skrijn stiet te plak
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hûnderten minsken bringe dit wykein in besite oan de basilyk yn Boalsert. Guon komme fan fier, lykas Jan Simon Minkema út it Noard-Hollânske Zwaag. Hy woe dit net misse. "Ik ben een paar keer in Lourdes geweest en heeft me diep ontroerd. Bernadette heeft Maria gezien en Maria is een moeder voor ons allemaal, geloof ik."
Minkema hat thús in protte Maria-bylden. "Ik brand vaak een kaarsje voor haar en bid voor de wereld. Ik geloof dat het helpt." Hy fynt it wol wat nuver dat de oerbliuwsels fan de hillige op reis binne. "Het voordeel is dat we de reliekschrijn nu kunnen zien, maar een beetje mal is het wel."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.