It ferline ûnder de fuotten yn Winaam: âlde alterstiennen by de tsjerke fûn

Ien fan de wijingskrúskes
Ien fan de wijingskrúskes © Omroep Zilt
It ferline leit faak ûnder 'e fuotten ferburgen. Yn Winaam wol hiel letterlik, want dêr die bliken dat yn de fluorring om de tsjerke hinne restanten sitte fan in iuwenâld alter.
De ûntdekking waard dien troch it Archeologisch Steunpunt Wijnaldum. It foel op dat der om de Andreastsjerke hinne in tal gruttere, opfallende stiennen lei. Koartlyn waard der noch in nije stien fûn.
It Steunpunt kuiere in rûntsje om de tsjerke hinne mei Willem Hansma, in teolooch en dosint keunstskiednis dy't in soad wit fan de skiednis fan Fryske tsjerken.
De Andreastsjerke fan Winaam
De Andreastsjerke fan Winaam © ANP
"Wy kuieren mei menear Hansma oer it paad en dy sei ynienen: sjoch, dêr leit noch in alterstien", fertelt Geertje Postma fan it Steunpunt. "Dêr wisten wy dus neat fan. Om't dy stien wat lytser wie, hawwe wy dy derút helle en omruile foar in tegel."

Wijingskrúskes

Nei't it út de grûn helle wie, is de stien skjinmakke en ûndersocht. De sânstien is midsiuwsk en moat mear as 500 jier âld wêze. It die bliken dat der noch in pear oanwizingen op de stien sitte dy't ferwize nei de eardere funksje: der binne wijingskrúskes yn oanbrocht.
"Dy stien hat iuwen bûten lein, dus it is allegearre útsliten", seit Postma. It is dêrtroch wat dreech te sjen. "Mar it binne wol echt wijingskrúskes, dat is it bewiis dat it fan in alter west hat."
Doe't mei de Reformaasje yn 1580 it katolike leauwen omruile waard foar it protestantske, ferdwûnen in soad oantinkens út de katolike tiid út de tsjerken. Sa binne nei alle gedachten ek de alters derút helle. De stiennen waarden as drompel of kuierstien brûkt.
De Andreastsjerke fan Winaam waard yn de 15e iuw boud. De patroanhillige fan de tsjerke wie Andreas, dêr't de tsjerke ek nei neamd is. Dêrneist hat de tsjerke mei in lien ek in relaasje mei de hillige Anna. Mooglik wiene der yn Winaam alters wijd oan dizze hilligen.

Tsjin de tsjerke oan

Neist de nij ûntdutsen stien lizze der oan de râne fan it hôf noch in grutte en twa krekt wat lytsere stiennen. Ek dêr sitte noch krúskes yn, op eltse hoeke.
De skjinmakke alterstien leit yntusken wer yn de tsjerke, dêr't er ea ek weikaam. It Steunpunt wol graach de oare trije stiennen ek út de grûn wei helje. "Om se rjocht oerein tsjin de toer te pleatsen. Ut it eachpunt fan de histoarje: om se te bewarjen, foar safier't dat kin."