Fergetten boeken litte nij ljocht skine op yllúster kleaster

Rolf Bremmer docht ûndersyk nei de boeken
Rolf Bremmer docht ûndersyk nei de boeken © Museum Martena
Museum Martena hat yn syn eigen kolleksje in oantal 'fergetten' boeken út de 16e iuw ûntdutsen. Se wiene fan de lêste geastliken fan it romrofte kleaster Klaarkamp by Rinsumageast.
Foar safier bekend binne dit de iennige boeken út de biblioteek fan it kleaster dy't bewarre bleaun binne.
It giet om 13 yn 'e haadsaak teologyske boeken: bygelyks it Nije Testamint yn Gryksk-Latyn en preekbondels dy't ôfstimd binne op it tsjerklik jier en de roomske lear.

It rykste kleaster fan Fryslân

De boeken komme út it kleaster Klaarkamp wei, it âldste sistersiïnzer kleaster fan Nederlân en it memmekleaster fan de oarder yn de Fryske lannen. It ûntstie krekt foar 1163 en bestie oant de Reformaasje yn 1580.
Klaarkamp ûnwikkelde him ta it grutste en rykste kleaster fan Fryslân. Yn de 16e iuw hie it mear as 2.500 bunder kultuerlân yn besit.
In ympresje fan Rinsumageast mei kleaster om 1340 hinne
In ympresje fan Rinsumageast mei kleaster om 1340 hinne © Fries Museum | U. Glimmerveen
De Steaten fan Fryslân stapten yn 1580 oer nei de protestantske religy: de katolike mis waard ferbean, de kleasters sleaten en de âlde alters, bylden en boeken ferdwûnen.
"Fan de kleasterargiven is hast neat oer", fersuchtet Josse Pietersma, konservator fan Museum Martena. "It measte is fuortsmiten of weiwurden. Wat foaral oerbleau, wie finansjele administraasje. Dat wie noch wichtich foar de oerheid."
Tegels dy't fûn binne op it terrein fan kleaster Klaarkamp
Tegels dy't fûn binne op it terrein fan kleaster Klaarkamp © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Net alles fan Klaarkamp gie lykwols ferlern, sa docht no bliken. De lêste abt (haad fan de abdij) en prior (oerste fan it kleaster) bewarren in tal boeken. Nei it opheffen fan Klaarkamp kamen dizze abt Gerardus Jacobi en prior Gerardus Agricola by famylje yn Frjentsjer te wenjen.
In side út ien fan de 16e-iuwske boeken
In side út ien fan de 16e-iuwske boeken © Museum Martena
De prior en abt ferstoaren yn 1598 en 1602. Yn harren testamint lieten se jild en de moffen foar de mis oer oan it weeshûs. Mar ek de 13 âlde boeken, dy't yn lear bûn wiene.

Fan weeshûs nei museum

It guod ferdwûn min ofte mear yn in hoeke fan de regintekeamer fan it weeshûs. Oant de boeken iuwen letter, yn 1955, troch Stichting Het Klaarkampster Weeshuis yn brûklien oan Museum Martena jûn waarden.
De boeken waarden kreas registrearre en opburgen, mar dêrnei is der nea wer nei omsjoen. Oant konservator Pietersma se in pear moannen lyn oantrof.
Konservator Josse Pietersma
Konservator Josse Pietersma © Omrop Fryslân
Foar de werynrjochting fan it museum wie hy op syk nei guod. "Ik haw as konservator altyd leard: lûk ek de doaze iepen neist dat wat je sykje. Want dan fynst noch wolris wat."
De boeken stiene netsjes yn it kompjûtersysteem. "Mar as je net witte wat je sykje, kinne je it ek net fine. Thús haw ik ek wol boeken yn de kast dy't wat út it sicht reitsje en dy't ik by fersin dûbeld keapje."
Pietersma seach oan it kaft fuortendaalks dat in boek fan foar de Reformaasje wie. "As histoarikus wurdt ik altyd hiel bliid fan âlde boeken en fan elts spoarke midsiuwen dat ik tsjinkom. Mar je moatte it mar sjen: omdatst sels de ynteresse hast, kinst it derút helje."

Dit bart net alle dagen

Pietersma begriep al dat it bysûnder wie. "Je lêze der efkes yn en sjogge: dit is net samar wat. Dat bart net alle dagen."
Dat oaren it nea sjoen hawwe, begrypt er wol. Want de boeken befetsje allinne mar tekst en binne yn Latyn.
Hy krige fuort grutte eagen. Hy sei: 'Dit mienst net. Witsto wol watsto hast?'
Josse Pietersma oer de reaksje fan Rolf Bremmer
De konservator socht kontakt mei Rolf Bremmer, emearitus-heechlearaar Frysk út Frjentsjer. "It is hiel gaadlik dat je sa'n erudyt stedsgenoat hawwe. Hy krige fuort grutte eagen. Hy sei: 'Dit mienst net. Witsto wol watsto hast?'"
De lêste trije boeken waarden pas dizze wike oantroffen. "Dy wiene oait op in ferkeard plak weromset en oan de oandacht ûntsnapt. Ik haw se echt pas krekt fûn."

Undersyk

Pietersma hie sels de tiid net, mar Bremmer woe graach mei de boeken oan 'e gong. Op de souder fan Museum Martena waard spesjaal in taffeltsje foar Bremmer delset.
Ut syn ûndersyk die bliken dat it ferhaal oer de abt en de prior klopt. Yn guon fan de boeken hawwe de manlju harren nammen opskreaun.
“Mei soarch en jild (is dit boek) fan Gerardus Jacobus fan Ljouwert, Abt fan Klaarkamp, Hoop op in better libben”
“Mei soarch en jild (is dit boek) fan Gerardus Jacobus fan Ljouwert, Abt fan Klaarkamp, Hoop op in better libben” © Museum Martena
De boeken binne drukt tusken 1546 en 1561, yn de tiid dat Klaarkamp noch folop kleaster wie. In ferrassing is dat der twa boeken by sitte dy't út protestantske, lutherske hoeke komme.
Dit ropt wer nije fragen op, neffens Pietersma. Stie Klaarkamp bygelyks iepen foar oare opfettingen as it katolisisme? It antwurd hat er net, mar it is wol opfallend dat just dizze boeken ek bewarre bleaun binne.
De Martenatún efter Museum Martena
De Martenatún efter Museum Martena © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"It helpt de wittenskip fierder. It lit yn elts gefal sjen dat katoliken en protestanten net twa folslein twa skieden wrâlden foarmen. Der wie in konfrontaasje of útwikseling fan ideeën."

Mishannele

De boeken sille restaurearre wurde. "Want se binne goed mishannele yn it ferline", seit Pietersma. "De slotten binne der bygelyks ôf skuord."
Dat der yn it ferline net al te foarsichtich mei omsprongen is, hat lykwols ien foardiel. "De boekbannen lizze iepen en je kinne dêrtroch prachtich ûnder de motorkap fan sa'n boek sjen."

13e-iuwsk ynbynmateriaal

Sa kaam noch in oare ferrassing oan it ljocht: de boeken binne ynbûn mei ôftanke hânskriften op perkamint. Dy binne noch folle âlder, sels út de 13e iuw. Boekbiners hawwe dus âlde stikken perkamint út de biblioteek op 'e nij brûkt.
Dizze fragminten komme ek út teologysk wurk: in psalmboek, in fragmint út it Bibelboek Job, siden út in hânboek foar it meitsjen fan preken en siden út wurk fan teolooch Thomas van Aquino.
Midsiuwske fragminten binne as skutblêden brûkt
Midsiuwske fragminten binne as skutblêden brûkt © Museum Martena
Pietersma is optein mei de fynst: it is in bysûnder ynsjoch yn de ferlerne kleasterbiblioteek fan Klaarkamp.
De boeken waarden echt brûkt. "Ik bin wat lêsspoaren tsjinkaam: ûnderstreke wurden, kribels yn de kantline."
Der komt ferfolchûndersyk, ferklapt Pietersma. De Fryske boekhistoaryske ûndersyksgroep Pastei hat al ynteresse toand. "Sy hawwe der in soad ûnderfining mei. Sy steane te springen as sy soks tsjinkomme. Ik haw der sels de tiid net foar, dus it it moai dat it oppakt wurdt."