Omrop Fryslân

De praktyk ropt om stazjêrs, mar om't begelieding ûntbrekt losse skoallen it sels op

Underdiel fan de staazje by Firda is ek it yn 'e gaten hâlde fan de kamera's
© Omrop Fryslân
Beropsopliedingen moatte binnen de skoallen alternativen fine foar staazjeplakken, fynt de Onderwijsraad. Der binne net genôch plakken beskikber. Fryske ûnderwiisynstellings wurkje al sa en dat is goed foar de studint.
De ried sjocht dat der net genôch staazjeplakken en -begelieders beskikber binne. Praktysk opliede binnen de skoallen soe dan in part fan de oplossing wêze, fynt de Onderwijsraad yn in krekt publisearre advys.
By beropsoplieder Firda en Hegeskoalle NHL Stenden binne se dêr al drok mei dwaande. By beide ynstellings binne opliedings dêr't de praktyk goed neispile wurde kin.

"Het is de praktijk"

"Nou, ik kan het je sterker vertellen", seit haad befeiliging Dick van Dijk fan Firda. "Het is de praktijk. Er is geen verschil. We zijn hier net een klein dorp, ook hier gebeurt wel eens wat."
Dat jildt ek foar NHL Stenden. By de ôfdieling ferpleechkunde wurdt wurke mei VR-brillen, seit Sarah Walburg: "Dat is een hele veilige manier. Dan kunnen ze een bepaald scenario vaker oefenen en dat heb je in het echt natuurlijk nooit."
Net genôch staazjeplakken om studinten op te lieden
Walburg is projektlieder fan 'Future Proof Nurses'. Dat is in projekt om de studinten mei ynnovaasje better ta te rieden op de praktyk.

Freonen oansprekke

By Firda is it gewoan dat de studinten dêr oan de slach gean. Se wurde ynset yn de skoalgebouwen om dêr de saken yn de gaten te hâlden.
It betsjut dat se studinten oansprekke as dy smoke op it skoalterrein of ferkeard parkearde fytsen fuortsette, mar ek in tsjilklem sette by auto's.
Sy moatte somtiden ek harren freonen oansprekke, seit studint Tim. "Ja, dan moet het alsnog. Je moet streng optreden, want ook zij moeten zich aan de regels houden."
Tim draait dizze dei syn tsjinst mei Levi. "Het is meer praktijk, dus je leert meer dan in de lessen zelf", fynt hy.

Befeiliger en gasthear

Underdiel fan syn wurk is ek de kamerabewaking. Op twa grutte skermen kin hy ferskate gebouwen fan Firda yn de gaten hâlde.
"Je kunt ook inzoomen en draaien", seit Levi. Mar ek as de skoalle ticht is, binne sy der. "We lopen alles na en kijken dan ook naar of er bijvoorbeeld gevoelige informatie is blijven liggen."
Skoalkoepel Firda
© Omrop Fryslân
Dat is belangryk, sa seit Van Dijk. "Overdag zijn ze hier om bezoekers te ontvangen, te registreren en te zorgen voor rust en orde. In de avond moeten ze alles belopen, kijken of de ramen dicht zijn en de machines uit. Dat is het echte werk, het maakt niet uit waar je dat doet."
Dat jildt foar mear opliedings. "Kijk naar de keuken hier", seit Van Dijk. "De kippensoep moet hier net als in een ander bedrijf ook goed smaken."
By ferpleechkunde wie der ek in needsaak om oars te wurkjen. Fanút de praktyk krigen se werom op hokker plakken it wolris knypte.
"Er waren een aantal problemen. Studenten hadden bijvoorbeeld onvoldoende beeld van de context. Niet iedereen kan op de IC of in de ambulance werken. Maar ook hoe het is om bepaalde doelgroepen te verplegen, zoals dementerende mensen", seit Dick van Dijk.

VR-bril as helpmiddel

De VR-bril en de simulaasjes kinne ek helpe by it learen fan drege situaasjes. "Ja, bij het klinisch redeneren. Als ze een acute situatie meemaken en ze toch niet weten hoe ze moeten handelen. Hier is het dan een veilige manier om dat te oefenen."
De praktyk kin dêr ek fan profitearje, seit Walburg. "Dat ze leren hoe ze in een situatie handelen. Bevries ik? Ga ik in de aanval? Het is ontzettend waardevol als ze dat in de 'schoolsetting' al leren."
Joyce Walstra, foarsitter fan MKB-Noard
© Omrop Fryslân
By MBK-Noard sjogge se frjemd op fan it advys fan de Onderwijsraad. "Onze achterban wil heel graag stagiairs en zet ze ook graag in", seit foarsitter Joyce Walstra.
It tekoart oan staazjeplakken falt neffens har wol ta. "In de zorg en de techniek, of neem de Hotelschool in Leeuwarden, kan met simulaties een goede basis gelegd worden. In de praktijk zijn er alleen andere factoren die druk op je leggen. Denk aan een planning die niet uitkomt. Dat heb je in simulaties minder of niet."

It moat better

Der binne neffens Walstra wol ferbetterpunten tusken ûnderwiis en bedriuwslibben mooglik. It giet dan om kommunikaasje tusken de staazjebegeleiders fan beide kanten. Dy moat better, fynt Walstra. Dan kinne je derfoar soargje dat de studinten it beste resultaat ha fan har staazje en oarsom de bedriuwen ek profitearje.
Dat it better kin, sjogge se ek by Firda. "Maar er is een tekort aan stageplekken", seit dosint Kevin Fijnvandraat.
It is foar Firda dan ek in útkomst dat se binnen de muorren fan de eigen ynstelling staazjes útsette kinne. "Zeker als je eerst kijkt naar de student. Daarvoor moet het een veilige leeromgeving zijn. Waar kan de student een uitdaging krijgen. Daar zoeken wij een plek bij."

De doar út

Dochs fynt ek Fijnvandraat dat studinten wol nei bûten moatte. "Bij de stages binnen Firda kijken we wel naar waar ze zitten. Dus stel iemand heeft les in Leeuwarden, dan loopt hij in Sneek stage."
It grutste part giet al nei it bedriuwslibben ta en dat fynt Fijnvandraat belangryk. "Juist ook voor het verbinden met de bedrijven in de regio."
Walburg fynt de ferbining fan grut belang. Mei sikehûs MCL wurde de senario's ûntwikkele. Dêrmei wurdt ek de ferbining socht mei it MKB. Hoe moai dat wêze mei, ek by de hegeskoalle kinne se fernimme dat der minder staazjeplakken binne. "Die zijn er onvoldoende en ook de stagebegeleiding is er niet genoeg." Benammen de koronakrisis hat dêr net by holpen.
De simulaasjes en de VR-brillen brochten doe útkomst. "Landelijk lopen de aanmeldingen terug, dat zien wij niet. In die simulaties kunnen wij studenten meenemen en enthousiasmeren. Dat heeft ontzettend veel potentie."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.