Sy wolle de soarch yn: dit is wêrom't dizze fjouwer studinten de kar meitsje

Studinten
Studinten dy't de soarch yn wolle © Omrop Fryslân
Hoewol't der al jierren praat wurdt oer de grutte tekoarten yn de soarch, binne der ek minsken dy't net wachtsje kinne om oan de slach te gean yn de medyske sektor. Wy stelle fjouwer fan sokke studinten foar.
Annemarie Dijkstra wurket no by in bedriuw dat genêsmiddels ûndersiket. Se is ek doktersassistinte, mar wol fierder groeie. Dêrom hat se keazen foar de hbû-oplieding ferpleechkunde.
Annemarie Dijkstra
Annemarie Dijkstra docht de oplieding HBO-V © Omrop Fryslân
"Ik wil me specialiseren in het vak, doorgroeien als verpleegkundige en dan betere zorg kunnen geven aan patiënten."
Se sjocht njonken dat de personielskrapte tanimt, der ek hieltyd mear frege wurdt fan de ferpleechkundigen. "De zorg wordt steeds complexer. Ik wil daar graag een steentje aan bijdragen."
It wurk oefenje op in libbensechte pop
It wurk oefenje op in libbensechte pop © Omrop Fryslân
Nettsjinsteande de personieltekoarten yn de soarch en de dûbele fergrizing, dêr't yn Fryslân sprake fan is, sjocht Annemarie Dijkstra de takomst posityf. "We zijn hier heel erg gericht op de toekomst. Het draait om samenwerken en hoe we innovatie inzetten. We kijken juist naar mogelijkheden."
De personielskrapte yn de soarch wurdt hieltyd grutter. Yn 2030 is de ferwachting dat der sa'n 8.000 fakatueres binne yn Fryslân. Fan thússoarch oant húsdokter, fan ferpleechkundige oant GGZ-behanneler.
"Het is lastig in een markt. Kreeg je voorheen na een studie verpleegkunde gelijk een baan, nu is dat ook bij andere studies het geval", seit Bram van der Graaf, teamleider fan de oplieding ferpleechkunde oan NHL Stenden. "Het lukt hier nog steeds goed studenten te werven. Landelijk zakt het, hier blijven we gelijk."
Hylke Breman is krekt úteinset mei syn oplieding. Je soene him in sydynstreamer neame kinne, want hy hat ek in iissaak yn Drachten. Mar hy wol mear. "Ik wol graach wat betsjutte foar in oar. Dêrom haw ik de kar makke."
Hylke Breman is ûndernimmer, mar wol graach de soarch yn
Hylke Breman is ûndernimmer, mar wol graach de soarch yn © Omrop Fryslân
Acht jier lang is er al dwaande mei it draaiende hâlden fan syn winkel. "Dan bin dwaande mei jild fertsjinje en de saak draaiende hâlde", seit Breman. Dat bliuwt hy dwaan mar hy folget no ek syn hert.

Utfine wat je wolle

As earstejiers is it sykjen nei wat him it bêste leit. "No tink ik dat ik it sikehûs yn wol, op de driuwende help of de intensive care. Mar ek de GGZ liket my leuk."
It is foar Hylke no noch ien grutte syktocht. "We dogge dit earste jier in pear staazjes. Dan kin ik útfine wêr't myn foarkar leit."
Iris de Jonge wurket al as ferpleechkundige, mar docht no de hbo-V oplieding
Iris de Jonge wurket al as ferpleechkundige, mar docht no de oplieding HBO-V © Omrop Fryslân
Iris de Jonge hat al in baan yn it sikehûs. Se docht ynfalwurk yn sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean.
"Ik had eerst geen idee wat ik wilde doen. Toen moest ik een maatschappelijke stage lopen van school." Dy staazje yn in ferpleechhûs bepaalde har takomst. "De waardering die ik kreeg van de patiënten, dat vond ik zo mooi. Dit past mij."
De krapte yn de soarch sjocht sy ek, mar foar har is it net fuort in probleem. "We zijn bezig met innovaties, verbeteringen in de zorg. Dat alles heeft al een positieve invloed op de verpleegkundige."

Freonen de soarch yn krigen

Dat net mear minsken kieze foar de soarch, hat neffens Iris de Jonge ek te krijen mei ûnbekendheid.
"Mensen hebben niet door in hoeveel verschillende velden je kunt werken. Ik heb vrienden overgehaald een zorgopleiding te gaan doen."
Har takomst? De treddejiers twivelet noch: "Zo lang ik kan, wil ik doorstuderen. Alles wat je leert is in de praktijk toe te passen. Je weet hoe je iemand in een acute situatie kunt redden."
Daphne Niewijk, fjirdejiers studinte ferpleechkunde
Daphne Niewijk, fjirdejiersstudint ferpleechkunde © Omrop Fryslân
Daphne Niewijk wit al hiel lang dat se yn de soarch wurkje wol. De fraach wie eins altyd wat se dwaan dwaan woe. Dat hat se sels rêstich oan it ferkennen west. It waard de ferpleging.
Daphne Niewijk is no fjirdejiersstudint hbû-V. "Het menselijk lichaam is één grote puzzel. In het ziekenhuis is het lichaam iets waar een probleem in zit en dan mag jij uitzoeken wat dat is en proberen te verbeteren. Daar haal ik veel kracht uit."

Virtual reality

Nei de takomst ta sjocht se allinnich mar kânsen. Benammen troch de ynset fan nije technology lykas virtual reality (VR). "Dat gaat naar de toekomst veel deuren openzetten. Dat moeten we echt omarmen."
Sels is se dêr op NHL Stenden al drok dwaande mei. Niewijk is de ûntwikkeler fan it VR-simulaasjeûnderwiis op de hegeskoalle. "Je doet niet met minder mensen meer werk, wel op een andere manier."
Foar har wachtet noch in lêste staazje: de intensive care-ôfdieling fan sikehûs MCL. "Dat lijkt mij een heel mooi onderdeel van de zorg. Daar wil ik mij echt op richten in de toekomst."