Juridyske striid twingt Ryk ta iepenbierjen fan lokaasjes fan ôffal kontenerramp
De list mei lokaasjes dêr't mooglik noch ladingrestanten lizze fan de MSC Zoe is nei juridyske toulûkerij iepenbier makke. It giet om 6.000 lokaasjes.
De MSC Zoe ferlear sa'n fiif jier lyn boppe de Waadeilannen 342 konteners. Lang net alles is weromfûn en burgen. De Waadferiening besiket dat yn 'e mande mei Stichting De Noordzee no wol te dwaan mei it projekt CleanUp XL.
Dêrfoar is dizze saneamde 'Master Target List' hiel handich. In jurist fan de Universiteit Leiden is hjirfoar de striid oangongen en it is slagge om de list iepenbier te krijen.
"Daar zijn we superblij mee, want nu kunnen we veel gerichter zoeken", seit Ellen Kuipers fan de Waddenvereniging. "Ook al is het vijf jaar na dato en zullen er absoluut dingen zijn veranderd op de zeebodem."
Yn de praktyk kin der op lokaasjes fan dizze list ek hiel goed guod lizze dat earder fan oare skippen ôffallen is. Mar dat makket by dit projekt neat út. It giet derom dat der troep fan de seeboaiem ôf helle wurdt.
"Hele belangrijke uitspraak"
Mar wat mooglik noch wichtiger is, is wat dit betsjut foar de takomst.
Kuipers: "De reder en de rijksoverheid moeten direct openbaar maken wat er precies in die containers ligt en waar het licht. De eventuele impact op het milieu hoort daar zelfs ook bij. Dit is echt wel een hele belangrijke uitspraak."