Frijwilligers krije mear begelieding by in nije kontenerramp

In frijwilliger rommet guod op fan de MSC Zoe op Skiermûntseach
In frijwilliger rommet guod op fan de MSC Zoe op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Remco de Vries
As de kust wer fol komt te lizzen mei guod lykas mei de kontenerramp mei de MSC Zoe, is der mear regele foar frijwilligers dy't meihelpe wolle mei it opromjen. Rykswettersteat en Veiligheidsregio Fryslân binne dêr no klear foar.
"De kalamiteiten mei de MSC Zoe oerkamen ús doedestiids. Wy wisten ek net goed wat wy mei al dy frijwilligers moasten. Dat docht ek wol bliken út de evaluaasjes", seit Martin Kool, programmalieder Netwerksamenleving by Veiligheidsregio Fryslân.
De oanlieding wie dus de kontenerramp fan fiif jier lyn. Oan de hân fan de ûnderfiningen nei dizze ramp is der in saneamde 'hantrekken' ûntwikkele.
Martin Kool fan Veiligheidsregio Fryslân
Martin Kool fan Veiligheidsregio Fryslân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"It moaie dêrfan is dat it net allinnich foar by kustfersmoaring is", leit Kool út. "Wy hawwe it breder oppakt. Wy sjogge by in ferskaat oan kalamiteiten dat ús ynwenners graach helpe wolle."

Feilige wurkomjouwing

It betsjut yn de praktyk dat der kontakt opnaam wurdt mei inisjatyfnimmers dy't helpe wolle. It wichtichste dêrby is dat der in feilige wurkomjouwing is.
"Minsken krije ek stipe en fasiliteiten. Fansels sjogge wy ek nei ús eigen rol. Soks ûntstiet benammen út de gemeenten wei. As frijwilliger krije je in oansprekpunt en komme je yn kontakt te stean mei de krisisorganisaasje."
Frijwilligers krije mear begelieding by in nije kontenerramp
De hantrekken fan de Veiligheidsregio is yn 'e mande ûntwikkele mei Veiligheidsregio Groningen en -Noord-Holland Noord.
"Wy binne ek lanlik aktyf om dy hantrekken sjen te litten as 'best practise'. It wurdt lanlik omearme", jout Kool oan.

Rykswettersteat

Rykswettersteat hat ek net stilsitten, al liket fiif jier nei de MSC Zoe wol wat oan de lette kant. Mar neffens Erik Baak (adviseur krisisbehearsking by de lanlike krisisorganisaasje fan Rykswettersteat) binne dêr wol redenen foar.
"Dit soort zaken vergt een hele grote evaluatie. We zijn met de aanbevelingen aan de slag gegaan. Verder is het niet alleen voor Noord-Nederland opgepakt, maar gaan we hier ook landelijk mee aan de slag", leit Baak út. "Door de coronacrisis is alles ook vertraagd. Maar we kunnen nu overgaan tot implementatie."

'Profesjonele frijwilligers'

Der binne no kalamiteiteplannen, draaiboeken en ynsetplannen makke foar as der smoargens op de kust bedarret.
Foar de ynset fan frijwilligers rjochtet Rykswettersteat him op saneamde profesjonele frijwilligers: minsken dy't bygelyks al goed thús binne op it Waad, lykas kuiergidsen.
Erik Baak fan Rykswettersteat
Erik Baak fan Rykswettersteat © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mar wat betsjut dat no konkreet? Baak: "We zoeken graag de samenwerking met de alle professionele vrijwilligersorganisaties hier in de regio zodat we gezamenlijk dit soort scenario's het hoofd kunnen bieden."

Materiaal en frijwilligers

Ek is der op ôfrop materiaal beskikber. "Zoals overalls, persoonlijke beschermingsmiddelen, harken en scheppen, zodat we zo snel mogelijk de kust weer schoon kunnen maken." Fierder binne der ek tinten beskikber.
Frijwilligers wurde ek registrearre en krije ynstruksjes. Sy binne ek fersekere, mocht der wat misgean, seit Baak.
Frijwilligers sammelje harren op Skiermûntseach foar in opromaksje nei de ramp mei de MSC Zoe
Frijwilligers sammelje harren op Skiermûntseach foar in opromaksje nei de ramp mei de MSC Zoe © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"We sluiten overeenkomsten af met de betrokken vrijwilligersorganisaties en er wordt een volledige paragraaf gewijd aan hoe we omgaan met aansprakelijkheid. Daarnaast sluiten we ook overeenkomsten af met de personen die vanuit die organisaties zijn aangesloten."

Nederlân is der klear foar

Alle seinen stean no op grien om dit alles ek yn de praktyk te bringen, jout Baak oan. "Als het morgen gebeurt, kunnen we handelen."
Der moat noch wol oefene wurde en dat stiet foar dit jier yn de planning. De rest fan it lân folget letter, sa fertelt de rampeman fan Rykswettersteat.
"We gaan over tot een landelijke uitrol. Om te beginnen met Noord-Nederland. Daarna de Hollandse kust, daarna de Zeeuwse delta en daarna gaan we ook de binnenwateren faciliteren."