Omrop Fryslân

Cambuur-jonkjes ferlieze fan ADO-manlju: "Sy binne safolle mear keardel"

Cambuurtrainer Henk de Jong
© Orange Pictures
It wie in kwestje fan de manlju fan ADO Den Haag tsjin de jonkjes fan SC Cambuur. Yn dy konklúzje kin trainer Henk de Jong him wol fine. "Dat hinderet neat, mar it is wol sa."
De Ljouwerters ferlearen thús mei 0-2 fan ADO. Cambuurtrainer De Jong fûn de tsjinstanner ek de bettere ploech.
"Yn de earste helte joust net in soad fuort. Wylst sy wol in grutte kâns hiene. Sy in cornerkâns, wy in kopbal. Mar der wie net in soad oan de hân. Mar yn de twadde helte sette sy wat heger druk, dêr hawwe wy wat mear muoite mei", analysearret De Jong.
"Dan krijst twa goals tsjin út it ynsmiten wei. Dat mei net barre, dan moat it eins stean", fynt er. "Mar al mei al in terjochte oerwinning foar Den Haag."
Henk de Jong makket him net lilk, want ADO wie neffens him in terjochte winner
In lykmakker siet der net yn. "Nee, wy krigen net in soad kânsen. Op in gegeven stuit hiene wy efkes it idee dat wy wat kreëarren út de schwung fan it publyk wei. Sy fielden ek dat dy oare ploech better wie. Mar dit ferskil wie gewoan te grut."

Ferskil yn leeftiid

ADO Den Haag hat in seleksje dy't al folle mear folwoeksen is, jout De Jong oan. "Sy binne safolle mear keardel. Ast de opstelling sjochst, se binne allegearre yn de jierren njoggentich berne. En dan komme wy oan."
Dat ferskil sit Cambuur yn 'e wei. "Wy bringe jonkjes fan 17, 18 jier yn. Dat fyn ik moai en dat hinderet neat. Dêr hawwe wy de kommende jierren in soad profyt fan, allinne no is it noch dreger."
Want Cambuur komt noch fuotbalynsjoch tekoart. "Lit se mar spylje, dan ferlieze wy mar ris in wedstriid, dêr wurde dy jonges allinne mar better fan."
Matthias Nartey makke syn debút, mar is nei ôfrin dochs teloarsteld
Matthias Nartey stie foar it earst yn de basis by Cambuur, foar him wie alles sawiesa nij. "Ik was wel meer gespannen dan normaal. Maar uiteindelijk is het ook gewoon een wedstrijd, dat heb ik al zo vaak meegemaakt. Alleen staan er nu 10.000 man omheen. Dat is wel anders."
Nartey baalt wol fan it ferlies mei syn debút. "Ik denk dat ik hier achteraf wel op terug kan kijken als een mooi moment, maar we hebben verloren. Daar zit ik het meeste mee. Verliezen is nooit leuk. ADO was ook gewoon efficiënt, ze scoorden twee goals vanuit een ingooi. Dat is gewoon vervelend."

Foar Nartey net folle eare te beheljen

Der sieten in soad freonen en famyljeleden op de tribune. "Ik denk dat ik op momenten wel iets heb laten zien, maar ik denk wel dat het beter kan."
Trainer Henk de Jong makket him der net al te drok om, al sjocht er ek wol dat Nartey der mei wrakselet. "Dy komt no ek yn in wedstriid dêr't net in soad eare foar him te beheljen is. Dat is skande, mar dy jonge kin noch folle fierder komme."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.