Omrop Fryslân

'Braziliaanske' Matthias Nartey makket basisdebút by Cambuur: "Hy kin fier komme"

Matthias Nartey
© Dijks Fotografie
Matthias Nartey is freed de ferfanger fan de skorste Remco Balk as SC Cambuur it opnimt tsjin ADO Den Haag. Foar de 19-jierrige Nartey betsjut it syn earste basisoptreden yn it giel-blau.
Syn fisitekaartsje hat de middenfjilder yn jannewaris ôfjûn. Doe't Cambuur yn de achtste finale fan de KNVB-beker tsjin Hercules yn de swierrichheden siet, makke Nartey krekt foar tiid de wichtige lykmakker. Dêrnei wûnen de Ljouwerters úteinlik yn de ferlinging.
De ôfrûne wiken tikke Nartey hieltyd mear op 'e doar by trainer Henk de Jong. Twa wiken lyn joech er by syn ynfalbeurt tsjin Telstar noch in assist.
En dus twivele De Jong net. "Hy kin in hiel protte bringe. Hy kin ferdigenje, oanfalle en is direkt nei de goal ta. Hy hat in goeie traap, dus we litte him standertsituaasjes ek gewoan nimme", seit de Cambuurtrainer.
Henk de Jong kiest foar Matthias Nartey yn de basis
Twa wiken lyn tekene Nartey syn earste profkontrakt yn Ljouwert. Sûnt er alve jier is, spilet er yn de jeugdoplieding fan Cambuur.
Syn heit is Ganeesk en syn mem Frysk, mar Nartey docht De Jong oan in oare nasjonaliteit tinken. "It is wat in Braziliaanske spiler mei dy kromme fuotten, de krêft en syn liif. Dus net Braziliaansk yn de trúkjes mar wol yn de deeglikheid en yn de sterkte. Ik tink dat hy fier komme kin."
Neist Balk en de al langer blessearren Agustín Anello, Vito Wormgoor, Gabi Caschili en Marcel Schaapman mist Cambuur Michael Breij ek noch altyd. De middenfjilder dy't de klup nei dit seizoen ferlit, kin neffens De Jong yn de einfaze fan it seizoen noch wol syn rentree meitsje.
Matthias Nartey is ek net benaud foar it ferdigenjende wurk
© Orange Pictures
De fleur sit der de ôfrûne wiken wer wat yn by Cambuur, nei't der wûn waard fan Telstar en FC Eindhoven. Boppedat hold keeper Yanick van Osch twa kear de nul. "Der sit schwung yn de groep. Dat is it gefoel fan wer winne, mar ek fan hiel goed traine", tinkt De Jong.
Cambuur hopet de goeie rige freed in ferfolch te jaan tsjin ADO Den Haag. Dat stiet op it fiifde plak en liket ôfheakke te wêzen yn de striid om direkte promoasje.
De Jong wit net wat de Hagenaars dwaan sille kwa opstelling en dus is der traind op ferskate farianten. En spilers hawwe sels ek meitocht. "Dat dogge we yn lytse groepkes. Der wurdt iepen praat oer hoe't we it dogge en dan komst ta iets. Dat is echt leuk", konkludearret de Drachtster.
De wedstriid tusken SC Cambuur en ADO Den Haag begjint freed om 20.00 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Dat begjint om 19.45 oere. It kommentaar út it Cambuur Stadion wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.