Omrop Fryslân

Cambuur kin winstrige gjin ferfolch jaan tsjin ADO Den Haag

Matthias Nartey by syn basisdebút
© Orange Pictures
Der is in ein kaam oan de winstrige fan SC Cambuur. De Ljouwerters ferlearen freed yn eigen hûs mei 0-2 fan ADO Den Haag.
By Cambuur stie Matthias Nartey foar it earst yn de basis. Hy wie de ferfanger fan de skorste Remco Balk. Fierder stjoerde trainer Henk de Jong deselde spilers it fjild yn as ferline wike tsjin FC Eindhoven (3-0 winst).
Opstelling SC Cambuur: Van Osch; Ottesen, Tol, Smand, Bergsma (69' Jonker), Sylla; Van Kaam (82' Van der Veen), De Jong (82' Mercera), Smit; Uldrikis en Nartey (69' Kooistra).
De wedstriid hie in kalm begjin, beide ploegen slaggen der yn de earste 20 minuten net yn om gefaarlik te wurden.

Beide klups in kâns

Nei 27 minuten krige Cambuur de earste goede kâns. Marco Tol kopte lykwols yn de hannen fan ADO-doelman Nick Marsman nei in goede frije traap fan Nartey.
Oan de oare kant krige âld-Hearrenfeanspiler Henk Veerman in enoarme mooglikheid. Hy naam de bal geweldich oan en draaide yn ien kear fuort by de Cambuurferdigening. Each yn each mei Ljouwerter goalie Yanick van Osch krige Veerman de bal der lykwols net yn.
Veerman wie tichteby de iepeningstreffer
© Orange Pictures
Krekt nei it skoft kaam it doelpunt fan Veerman dochs. De spits fan ADO krige de bal yn it strafskopgebiet, draaide en helle hurd út. Van Osch koe in doelpunt net foarkomme. It wie Veerman syn sechsde doelpunt yn acht wedstriden tsjin Cambuur.
Cambuur wie even fan slach en de ploech út Den Haag krige twa goede kânsen op de 0-2. Earst helle Roberts Uldrikis in bal fan de line en dêrnei skeat Matteo Waem wyld oer.
Yn de 67e minút wienen de Ljouwerters wer ris tichteby in doelpunt. De ynset fan Milan Smit waard keard troch Marsman.
Milan Smit krijt de bal der net yn
© Dijks Media
Dêr't it publyk in slotoffinsyf ferwachte, wie Cambuur der net ta yn steat. Yn blessueretiid waard it sels 0-2. Dhoraso Moreo Klas skeat de bal fan bûten it strafskopgebiet fraai binnen.
De Ljouwerters bliuwe troch it ferlies op 45 punten út 33 wedstriden stean. Cambuur sil der noch hurd foar wurkje moatte om de play-offs foar promoasje nei de earedivyzje te heljen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.