Omrop Fryslân

Hearrenfean komt werom fan achterstân: doelpuntefestijn yn Abe Lenstra Stadion

Hearrenfean - Twente
© Orange Pictures
Hearrenfean hat ien punt oerholden oan de wedstriid tsjin de nûmer trije fan de kompetysje. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it 3-3 tsjin FC Twente.
Benammen de earste helte wie in doepuntefestijn. Nei 13 minuten stiene de Friezen al mei 2-0 achter. Nei 45 minuten stie it 3-2 yn it foardiel fan de Tukkers.
Opstelling sc Hearrenfean: Van der Hart, Braude, Van Beek, Köhlert, Haye, Olsson, Van Ee, Loizou, Nicolaescu, Sahraoui.
Hearrenfean joech de goals maklik fuort. Nei 11 minuten skoarde Ricky van Wolfswinkel foar Twente it earste doelpunt, nei in foarset fan Daan Rots. Twa minuten letter makke Rots sels de 2-0.
Echt goed fuotballe waard der net, mar ynset leant. Hearrenfean knokte him werom yn de wedstriid. Ion Nicolaescu makke de oanslutingstreffer, mar Twente kaam opnij op in foarsprong fan twa doelpunten ferskil troch in goal fan Robin Pröpper.
Yn de dêropfolgjende oanfal die Hearrenfean direkt wer wat werom. Osame Sahraoui makke de 3-2. En sa waard it dochs in spannende wedstriid.
Hearrenfean - Twente
© ANP
Yn de twadde helte wie Hearrenfean de bettere ploech. Mei in lyts gelokje krije de Friezen in penalty Dêrút skoart Thom Haye - mei rêchnûmer 33 - 3-3.
Mei acht minuten blessueretiid wie de wedstriid spannend oant nei alve oere. Noch hast waard it 4-3 yn it foardiel fan Twente, mar de bal fan Van Wolfswinkel gie njonken de goal.
Einstân: 3-3. Winner: it publyk.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.