Stimpelje by de Aldehou: Fytsalvestêdetocht hat nije rûte
It wurdt drok yn de Ljouwerter binnenstêd op twadde pinksterdei: de rûte fan de Fytsalvestêdetocht rint tenei troch it sintrum fan de haadstêd.
Punten foar de boltsjestrui kinst der net helje, mar der komt in nij heuveltsje yn de Fytsalvestêdetocht: de stimpelpost fan Ljouwert komt dit jier op it Aldehoustertsjerkhôf. En dus moatte fytsers de terp fan Ljouwert op.
De rûte giet nammentlik ek in stik troch de binnenstêd hinne. Fytsers geane oer de Foarstreek, de Eewal en de Grutte Tsjerkestrjitte nei de Aldehou ta.
Sa litte wy de fytsers in moai stik âld Ljouwert sjen.
Willem Visser fan de organisaasje fynt it prachtich dat it slagge is. "Gewoanwei stimpelje we oan de Grienewei. Wy meie fan de gemeente no op it grutte plein wêze. De Grutte Tsjerkestrjitte is daliks de oanfierrûte. Sa litte wy de fytsers in moai stik âld Ljouwert sjen."
Omdat de stimpelpost dit jier dus net oan de Grienewei mar op it grutte plein is, hat de organisaasje ek folle mear romte foar fasiliteiten. "Dus wy kinne hurder trochstimpelje", set Visser mei in glimk.
"Fierder komt der livemuzyk, catering en in hurdfytsterras. Wy hoopje dat der dan ek wat ferminging komt mei de taskôgers. En dat minsken op 'e Nijstêd tinke: 'Hjir moatte wy even sjen!'"
It wie in aardige poepetoer om de plannen foarinoar te krijen, seit Visser. "Wy binne yn it neijier úteinset. Yn oerlis mei de gemeente ha we de fergunningen rûn krigen. Ek de plysje, ferkearsregelders en oare belutsen partijen ha dêrby advisearre. It is even in ynvestearring, mar dan krije je wol wat hiel moais."
Ekstra minsken
It team fan de Fytsalvestêdetocht sil der alles oan dwaan dat de rûte ek de kommende jierren sa bliuwe kin. "We ha oeral ferkearsregelders stean", fertelt Visser. "It earste jier in tal ekstra, sadat we maklik bystjoere kinne. En we ha twa rayonhaden dy't alles goed liede kinne."
De Fytsalvestêdetocht is alle jierren op twadde pinksterdei, dy't dit jier op 20 maaie falt. De tocht is dy dei live te folgjen by Omrop Fryslân.