Reedride, fytse en kuierje: 33 fanatikelingen krigen in Alvestêdebrevet

33 minsken krigen in Alvestêdebrevet
33 minsken krigen in Alvestêdebrevet © Omrop Fryslân
Trije ferskillende Alvestêdetochten folbringe: op redens, op de fyts en kuierjend. Net in soad minsken kinne sizze dat se dat dien ha. En troch klimaatferoaring wurd de kâns hieltyd lytser.
33 minsken dy't dizze sportive prestaasje behelle hawwe, krigen freedtemiddei yn it Provinsjehûs yn Ljouwert in Alvestêdebrevet.
De brevetten waarden útrikke troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Se binne it offisjele bewiis fan it folbringen fan de 'tocht der tochten', de fystalvestêdentocht en de kuierâlvestêdentocht. Guon fan de 33 brevetûntfangers hellen foar guon tochten sels faker as ien kear in krúske.
De foarsitters fan de Alvestêdetochten mei kommissaris fan de Kening Arno Brok
De foarsitters fan de Alvestêdetochten mei kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
De âldste fan de sportivelingen is de 77-jierrige Pieter de Boer út Drachten. Hy ried de tocht fan 1985 en 1986. It wie it idee fan syn doetiidske baas: "Hy sei: 'De Boer, als de Elfstedentocht komt, dan gaan we samen schaatsen.' Dus dat diene we, it wie in hiel aventoer."
Syn baas hat it twa kear healwei opjûn, mar De Boer ried de tochten wol hielendal út.
It is een útdaging en ast dy dan folbringe kinst, benammen op âldere leeftiid, dan is dat hiel wat.
Pieter de Boer
It duorre efkes foardat hy oan syn folgjende Alvestêde-aventoer begûn: "Twa fan myn buormannen hawwe ek beiden it brevet en dy hawwe my stimulearre om it op te pakken."
Ek al hie der noch noait op in racefyts sitten, yn 2019 stapte hy op dy fan syn buorman en folbrocht er de Fytsalvestêdetocht. Yn 2020 kuiere hy 'm.
De Boer is Grutsk op syn brevet: "It is in útdaging en ast dy dan folbringe kinst, benammen op âldere leeftiid, dan is dat hiel wat. It is erkenning."
Pieter de boer mei syn brevet
Pieter de boer mei syn brevet © Omrop Fryslân
De jongste fan de 33 minsken dy't in brevet yn ûntfangst nimme mocht, is 40'er Frits Bijland fan Berltsum. Hy stapte yn 1997 it iis op.
Dat wie neffens him swier, omdat hy der net in soad foar traind hie: "Die froast kaam hiel rap doe, dus ik hie net iens 200 kilometer yn de fuotten."
Ek it waar siet net mei: "It waaide flink dy dei en dan hast allinich mar yn de holle: it moat gebeure, ik moat it helje." Mar hy sette troch. "Doe't ik by Dokkum wie, doe tocht ik 'kat yn it bakkie.'"
De earste pear dagen tinkst suver: 'wat doch ik hjir?'
Frits Bijland
Bijland fytst de tocht hast alle jierren: "Ik wit hoe faak ik 'm fyst haw. De earste kear wie yn elts gefal doe ik 14 wie, dus doe wie ik eins te jong om legaal mei te dwaan."
Yn 2022 kuiere hy de Alvestêdentocht. Dat wie neffens him ek in opjefte: "Fiif dagen rinne, dat bin ik net wend. De earste pear dagen tinkst suver: 'wat doch ik hjir?'"
Frits Bijland
Frits Bijland © Omrop Fryslân
Hy fynt it bysûnder dat hy no alle trije farianten op de tocht folbrocht hat: "In bucket list sil ik it net neame, mar op een gegeven stuit wolst dat brevet dy ek net troch de fingers hinne gean litte."