Marica en Chepe fytse út Warkum wei de wrâld oer: "Fleane fielt as falsk spyljen"

Marica en Chepe fytse de wrâld rûn
Marica en Chepe fytse de wrâld oer © Marica van der Meer
Fytser en reisboekeskriuwster Marica van der Meer fan Warkum stapt wer op 'e fyts. Yn 800 dagen wol se fan east nei west om de ierde fytse.
Fjouwer jier lyn wie Marica ek al begûn oan sa'n wrâldreis: doe sette se útein yn Amearika. Mar nei 14 moannen en 6.000 kilometer twong it coronafirus har om ôf te stappen. Se moast werom nei Fryslân.
No besiket se it op 'e nij en it wurdt in hiel oare reis, want Marica fytst diskear net allinnich: Chepe Ruiz fan El Salvador fytst mei har mei.

Fytsmaat fan Bolivia

Chepe is krekt as Marica in fanatike fytser. Se trof him op har reis troch Amearika yn in hûs yn Bolivia, dêr't fytsers fergees oernachtsje kinne. Marica soe fierder fytse nei it Amazônegebiet en Chepe is doe mei har mei fytst.
Chepe genietet fan de Hollânske tulpen
Chepe genietet fan de Hollânske tulpen © Marica van der Meer
Fiif wiken hawwe se tegearre fytst en dat befoel goed. Dêrnei ha se altyd kontakt hâlden. Ferline jier is Chepe nei Nederlân kaam "om de tulpen te besjen" en binne se mei-inoar nei Paris fytst.
Opjaan stiet net yn myn wurdboek.
Marica van der Meer
De ôfrûne krystdagen wie Marica op besite by Chepe en ha se fytst troch Guatemala. En no sille se dus mei syn beiden om de wrâld fytse. "We doare it oan", laket Marica. "Opjaan stiet net yn myn wurdboek."

Noch altyd itselde frame

Marica fytst al 23 jier op har eigen trouwe fyts: se hat der al sa'n 100.000 kilometer mei fytst. Alle bewegende ûnderdielen wurde geregeld ferfongen.
Mar it frame is noch orizjineel. En dat frame is twa jier lyn hielendal opskildere troch de Hylper skilder Titus Stallmann. Marica nimt de Hylper skilderkeunst mei oer de wrâld.

Goed foar miljeu, net foar ekonomy

Ek de fyts fan Chepe is net nij. Dy is foar 160 euro op Marktplaats kocht en opknapt. "We binne hielendal net goed foar ús ekonomy", seit Marica.
"We keapje ûnderweis ek neat dat we net nedich hawwe, want dat kinne we dochs net meinimme op de fyts. We binne hiel goed foar it miljeu."
De fytsen steane klear
De fytsen steane klear © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Der is dan ek goed neitocht oer wat der dan wol mei moat op sa'n fytsreis oer de wrâld. It moat allegearre yn in pear fytstassen passe. Alles moat kompakt en funksjoneel wêze.
Mar it pakken is dizze reis foar Marica wat makliker, omdat se saken as ark en kampearguod ferdiele kin oer twa fytsen.
Dit giet allegear mei op de fyts
Dit giet allegear mei op de fyts © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Marika en Chepe fytse fan east nei west. Earst troch Europeeske lannen as Dútslân, Tsjechië, Eastenryk en Slowakije en dan troch nei Azië, Amearika en Afrika. De kâns bestiet dat se ûnderweis yn de problemen komme.

Knyppunten

Troch alle ûnrêst yn de wrâld is it net mear sa maklik om oer lân nei Azië te reizgjen. It grutste knyppunt is op dit stuit de grins tusken Georgië en Azerbeidzjan. Dy is op it stuit ticht.
In prachtige reisfoto fan Marica van der Meer
Marica yn Bolivia: dit is ek de coverfoto fan har boek Dwaalspoor © Marica van der Meer
Der is praat dat de grins 2 april wer iepen giet. Dêr hoopje se op, seit Marica. "Feiligens stiet foarop, je moatte gjin dingen dwaan om dysels yn gefaar te bringen. Mar we wolle eins de wrâld oer sûnder te fleanen."
Marica is klear foar de reis
Marica is klear foar de reis © Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
In boat mei wol, want oer wetter kinne se net fytse. Mar it fleantúch pakke, fielt as belies.
"Ast yn dyn holle hast om hielendal net te fleanen, dan fielt it dochs as falsk spyljen. Dat is de útdaging, en do sikest in bepaalde útdaging. Ik tink ek datst it allinnich folhâldst ast dysels oan dyn eigen regels hâldst."

Start yn Warkum

De wrâldreis fan Marica en Chepe start op peaskemoandei 1 april. Om 11.00 oere sette de fytsers ôf fan De Merk yn Warkum. Minsken dy't de beide globetrotters útswaaie wolle, binne tige wolkom.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
Dizze reportaazje is ek publisearre as podcast. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.