Rûnwei Dokkum is frij fan stielslakken en kin nei healjier wer iepen

sintrale as
Wurk oan de stielslakken yn de Sintrale As © RTV NOF
De súdeastlike rûnwei fan Dokkum, dy't de Sintrale As ferbynt mei de Lauwersseewei, kin freed wer iepen. De dyk wie hast in healjier ticht.
Der siet 32.000 ton oan stielslakken yn de fundearring fan de terpen njonken de dyk en dat moast derút, seit projektlieder Folkert Reitsma. "Dêr leit no sân foar yn it plak."
Dat klinkt ienfâldich, mar dat wie it mei al it reinwetter fan de ôfrûne moannen net. "Dat wie de grutste útdaging. Dan is de trije-en-in-heale wike fertraging noch oer te sjen. Je wolle wol rapper, mar je moatte ek realistysk wêze."
RTV NOF seach by it wurk oan de dyk:
It probleem mei de stielslakken kaam net oan it ljocht troch it reinwetter, mar just mei it wetter dat fan ûnderen kaam. Yn de ûnderlagen fan de terpen by de súdlike rûnwei siet nammentlik wetter.
As stielslakken direkt yn kontakt komme mei oerflaktewetter, kin dat foar miljeuproblemen soargje. "Dan begjint de boel út te setten en wer yn te krimpen", sei Reitsma dêr earder oer.
De ôfrûne moannen binne beide kanten fan it fiadukt by Dokkum laach foar laach ôfgroeven en dêrnei wer opboud.

70 yn stee fan 100

De bedoeling is dat de dyk freed wer iepen giet foar it ferkear. "We hoopje oan it begjin fan de jûn, mar yn elk gefal yn it wykein dat de automobilisten der wer oerhinne kinne", seit Reitsma. Net mei 100 kilometer yn 'e oere, mar mei 70. "Fanwegen de nije bermen en de ferkearsfeiligens."
De stielslakkeoperaasje by Dokkum is de lêste oan de N356 tusken Dokkum en Nyegea.