Lanlike primeur: foly dekt stielslakken op Sintrale As ôf

In soad eagen binne de kommende tiid rjochte op de wurksumheden oan de Sintrale As, de N356 tusken Dokkum en De Westereen. By meardere projekten binne nammentlik stielslakken brûkt, dêr't in soad om te dwaan wie.
De provinsje Fryslân en Heijmans hawwe mei dizze ôfdekkingstapassing in lanlike primeur. "We hebben als bedrijf in samenwerking met de provincie in totaal een jaar onderzoek gedaan, voordat we met deze oplossing zijn gekomen", fertelt haad-útfierder Bas Gielen fan Heijmans.
Foly dekt stielslakken ôf
De foly dy't brûkt wurdt om de stielslakken ôf te dekken is gjin kuilplestik, of wat dat derop liket. It giet om in serieuze beskermingslaach, dy't sels oan elkoar fêst laske wurde moat. Projektlieder Folkert Reitsma dêroer: "Uteinliks is it doel fan de foly dat it reinwetter net mear troch de stielslakken rinne kin, wêrtroch't de stielslakken aanst drûch lizzen bliuwe."
Foly dekt stielslakken op Sintrale As ôf
Wannear't it reinwetter nammentlik wol troch de stielslakken sipelet, soarget dat foar in gemyske reaksje. "Dan begjint de boel út te setten en wer yn te krimpen", follet de projektlieder aan. De foly soarget der aanst foar dat de reaksje dus stoppet. Dêrneist is men begjin 2022 al begûn mei it fuortpompen fan wetter út de stielslakketerpen.
Goedkarde oplossing
"Wy hawwe ús oplossing ek teste, keure en toetse litten troch de boaiemadvyskeamer. Dan dogge wy de goeie dingen, sjoen de perioade fan hûndert jier. It moat dan ek wol in duorsume oplossing wêze. Dy is ûnderskreaun en wy hawwe in posityf advys krigen. Dat is dus no ek it plan dat wy útfiere", fertelt Reitsma.
Om de ôfdekoplossing sa effektyf mooglik ta te passen, binne de terpen dus al fan begjin 2022 ôf leechpompt. It alkalyske wetter waard en wurdt op dit stuit noch hieltyd ôffierd nei de rioelsuveringsynstallaasje.
Stielslakken binne op folle mear plakken by oare projekten brûkt. Der liket seker in mooglikheid te wêzen, om dizze oplossing aanst ek op oare plakken yn it lân ta te passen. "Mar eltse situaasje freget wer om in oar soarte fan oanpak", follet Reitsma oan.
Dyk bliuwt berikber mei 2-0-systeem
De Sintrale As sil yn de kommende perioade noch in pear kear foar twa dagen ôfsletten wurde, om't de boardings fan de iene helte fan de dyk nei de oare helte moatte.
"Wy gean nei in 2-0-systeem, mei oare wurden je kinne altyd de As foar de helte brûke. Dêr sit in útdaging yn foar de oannimmer en foar ús, dat wy it wurk op in beheind oerflakte útfiere moatte. Dat is moai en spitich, mar it is foar de mienskip úteinliks wol de bêste oplossing. De dyk bliuwt nammentlik gewoan berikber, al kinne minsken minder hurd ride, mar dat liket my net sa'n probleem."
De wurksumheden oan de Sintrale As, by de Dwarsloane en Falom Noard duorje oant de ein fan 2022. Yn de maitiid fan 2023, nei alle gedachten fan april ôf, sil ek it lêste stik dyk oanpakt wurde. Uteinlik sil it wurk foar de boufak fan 2023 klear wêze.